Inga Ridere
Inga Ridere | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Inga | |
nasjonaliteit | Letsk | |
berne | 31 oktober 1977 | |
berteplak | ? (Letlân) | |
etnisiteit | Letsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1997 – 2002 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Inga Ridere, echte namme ûnbekend (31 oktober 1977), is in rêstend Letsk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't ek wol ûnder de artystenamme Inga wurke hat. Har âldere suster Ines Ridere wie ek pornoaktrise.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ridere waard yn 1977 berne yn Letlân. Hja waard yn 1997 ûntdutsen troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman, wêrnei't hja datselde jiers noch, mei 20 jier, har debút yn in pornografyske film makke. Hja spile dêrnei yn rom tsien films, foar it meastepart foar de Sweedske Private-studio. De bekendsten dêrfan wiene de trije dielen fan 'e Tatiana-trilogy, ûnder rezjy fan Woodman, wêrfan't it earste útkaam yn 1997 en it twadde en trêde yn 1998.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Ridere yn totaal yn santjin pornofilms, mar dêrby binne ferskate kompilaasjes fan earder wurk meiteld. Yn 2002 hie se in rol yn 'e Amerikaanske produksje Superfuckers 14, fan it label Hustler Video. Neitiid loek Ridere har út 'e pornoyndustry werom. Har âldere suster Ines Ridere hat ek as pornoaktrise wurke.
Lichemsskaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ridere hat brún hier en in lingte fan 1.70 sm. Har kupmaat is 34A. Hja hat gjin tatoeaazjes of piercings.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Biografy en filmografy fan Inga Ridere yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Inga Ridere yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |