Ineke Ekkers
Ineke Ekkers (1944) is in byldhouster út Kûbaard dy't yn Nes wennet. Har atelier "De Tarissing" sit yn de âlde skoalle oan de Wiesterwei.
Yn de sechtiger jierren folge Ineke Ekkers de Keunstakadeemje yn Utert en sûnttiids docht se opliedings en kursussen. Nei har wurk as grafysk ûntwerper en kreatyf terapeute folge se yn 1990 de ambachtlike Stienhouwers-oplieding yn Utert. Faak brûkt se hurde stien, mar ek oare hurde materialen dy't se tafallich tsjnkomt. Se makket brûnzen, lykas dat fan Petronella Moens, de bline dichteres út Kûbaard, en fan beton getten blommefjilden. Se wûn de priisfraach foar it ûntwerp fan in brêgelining yn Ljouwert, de 'Fiskpiip".
Se makket in soad tagelyk, in stien kin moannen duorje. Ynspiraasje krijt se út wat se tsjinkomt. Oan de bylden fan de Roemeen Brancusi, de sensuele bylden fan de Japanner Noguchi fielt se har besibbe. Bylden binne foar har in stjurre gefoel. It binne dan ek lege bylden dy 't woartels yn har jeugd hawwe.