Indigo ara
Indigo ara | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Anodorhynchus leari | ||||||||||||
Bonaparte, 1856 | ||||||||||||
IUCN-status: bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
trekfûgel stânfûgel |
De indigo ara (Anodorhynchus leari) is in fûgel út de famylje fan 'e pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld. De fûgel is nau besibbe mei de moogik útstoarne blaugrize ara. Om 't de yllustrator en dichter Edward Lear de fûgel tekene wurdt er ek wol Lear's ara neamd.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt likernôch 75 sm lang en kriget in gewicht fan sa'n 950 gram. Indigo ara's ha in indigokleur, dêrfandinne syn namme. By de ûndersnaffel hat de soarte in keale, giele flek. Om 'e eagen hat de indigo ara in giele, keale eachring.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De indigo ara is endemysk yn Brazylje. Foar in hiel skoft wie der net in soad bekend oer it leefgebiet fan 'e fûgel. Nei 't de indigo ara yn 1856 ûndutsen waard is de fûgel yn 1978 op 'e nij ûntdutsen yn 'e Brazyljaanske dielsteat Bahia troch de ornitolooch Helmut Sick. De populaasje waard doe op 60 eksimplaren rûsd.[1]
De fûgel libbet op en by de Licuripalmbeam (Syagrus coronata), dêr't se de fruchten fan ite, oanfolle mei oare fruchten, nuten en sied.
Nêst en iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oars as oare ara's hat de ara syn nêst net yn beamholtes mar yn holtes fan sânstiennen rotsen. It wyfke leit ien of twa aaien yn it nêst, dy't nei in moanne brieden útkomme. Nei hast 100 dagen ferlitte de jongen it nêst. Se briede fan desimber oant en mei maaie. Jonge fûgels wurde geslachtsryp as se tusken 2 en 4 jier âld binne. Se kinne 30 oant 50 jier wurde.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasje fan 'e indigo ara telde yn 1994 noch mar sa'n 140 eksimplaren. It tebekrinnen fan 'e soarte hie in soad te meitsjen mei de ferneatiging fan it leefgebiet fan 'e fûgel, dy't foar harren iten ôfhinklik binne fan 'e Licuripalmbeam. Healwei de jierren 1990 wiene fan dy palmbeammen noch mar 1,6% fan it oarspronklike oantal oer. In grutte reddingsaksje brocht de populaasje yn 2007 werom op likernôch 750 fûgels. Yn 2016 wie de populaasje al oant likernôch 1.300 fûgels tanommen.
De IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade list as bedrige.
Fûgelsmokkel út Suriname
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alhoewol't de fûgel beskerme wurdt, is der noch altiten ferbeane hannel troch streuperij en nestrôf. Yn 2024 waarden twa Oekraynske froulju yn Brazylje oppakt om't hja seis aaien fan 'e fûgels yn in briedmasine ferfierden en dy yn Suriname ferkeapje soene. Alle aaien op ien nei waarden ûnderweis troch ien fan 'e froulju brutsen. Suriname foarmet mooglik in sintrum fan yllegale hannel yn tige seldsume dieren: in jier earder waarden yn Suriname al 29 indigo ara's en sân Brazyljaanske liuwaapkes oantroffen. De troch de Dienst 's Lands Bosbeheer yn beslach nommen fûgels soene werom nei Brazylje, mar de measten binne út de opfang yn Zanderij stellen. Om 't fierder nimmen wist fan 'e opfanglokaasje, wurdt tocht oan korrupsje. Yn Sry Lanka waard yn desimber 2023 op 330 seldsume fûgels út Súd-Afrika beslach lein, om 't de fergunningen net yn oarder wiene. Se wiene ôfkomstich fan in hanneler út Suriname en ûnder de fûgels wiene mooglik ek indigo ara's. In grut oantal fan 'e fûgels wie yntusken siik of dea.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|