Springe nei ynhâld

Impala (atletykferiening)

Ut Wikipedy

Atletykferiening Impala út Drachten (AV Impala) hat har akkomodaasje oan de Sportleane yn Drachten.

Yn 1963 benadere de destiidske gemeentesekretaris Nauta de famylje Van der Kade, Gerda van der Kade-Koudijs hie meirûn yn de 4 x 100 m. estafette mei û.o. Fanny Blankers-Koen en dêrmei goud wûn. Foar skoallen yn Drachten waard in kennismakkingstrening organisearre op sneon 14 desimber 1963 yn de gymnastykseal oan de Gielgoarsstrjitte mei in trening troch de hear Naber, bûnstrener fan de KNAU. In lytse 40 man waard dêrnei lid fan de nije atletykklup. De namme waard Impala, ien fan de sierlikste Afrikaanske antilopen. De impala hâldt meast ta yn licht beboske terrein, kin hurd drave en fier springe. De earste treners wienen Gerda v.d. Kade-Koudijs en de hear Thalens. Bestjoersleden wienen de hear Van de Graaf en Van der Kade. Omdat beide echtpearen oarspronklik út Rotterdam kamen en sawol Feijenoord as Sparta read/wyt yn de klean hiene, waarden dat ek de klupkleuren fan AV Impala.

Op de eardere hurddraversbaan, dêr't it middenterrein winterdeis fan brûkt waard as iisbaan, waard troch de leden fan Impala in fierspringbak en in heechspringbak útgroeven. It needsaaklike sân waard beskikber steld troch de gemeente. Jild om diskussen, kûgels en heechspringstanderts oan te tugen waard op in orizjinele wize fertsjinne. Yn dy tiid moast elke atleet keurd wurde. Van de Graaf hie as bedriuwsarts genôch ûnderfining mei keurings. Troch sels de keurings te dwaan koe er syn fergoeding ten goede komme litte oan de klupkas. Sa koe it barre dat op in jûn op de medyske ôfdieling fan Philips alle leden fan it jonge Impala keurd waarden troch de bestjoersleden fan datselde Impala. Omdat fierwei de measte leden jeugdleden wienen, wie de oanskaf fân kûgels en diskussen earst allinnich mar foar dy groep bestimd.

It Rinbaanterrein wie net ideaal om te trenen. Yn de winter en de maitiid wie it middenfjild net te brûken foar de technyske nûmers en yn de simmermoannen hie men ek nochris lêst fan de kompetysje foar bedriuwsfuotbal. Dêrom gie de feriening yn 1968 oer nei de Sportleane. Impala krige dêr in gersbaan fan 400 meter ta foldwaan. De toplaach bestie út Rubcord, in mingsel fan rubber, koark en asfalt. Dêrmei hie Drachten de earste keunststofbaan fan de Benelux en mocht Impala yn 1971 daliks de organisaasje fan de Nederlânske Kampioenskippen op him nimme. It rubcord rûn wol goed, mar sliet wol hurd. Goed 10 jier letter waard dêrom de boppelaach der ôfhelle en waard der Sportelast foar yn it plak lein. Letter is de baan fannijs renovearre ta de tredde keunststofbaan.

Bekende leden fan Impala wienen: Janneke Roona-Bosma, Jan Benus, Afien Benus, Arjen Visserman, Henk Arends, Henk van Heuveln, José van der Veen, Remko Bosgraaf, Margriet Rota, Hennie Zantinga, Greta Jansen, Bea Wiarda, Krista Aukema en Titia Visser. Allegear atleten dy't lanlik oansprekkende prestaasjes leveren. Ut dit rychje binne Bea Wiarda en Krista Aukema de ienigen dy't wylst se Impala-lid wienen in nasjonale titel by de senioaren hellen. Hennie Zantinga, Titia Visser en Janneke Roona-Bosma dienen itselde by de feteranen. Ald-Impalezen as Arjen Visserman en Marijke van de Graaf hellen nasjonale titels by oare ferienings. En as ienige âld-Impalees helle Marijke van de Graaf teffens de Olympyske Simmerspullen 1972 yn München, dêr't se de 1500 m rûn foar Switserlân. Lettere bekende Olympyers wienen atlete en wrâldrekordhâldster Tollien Schuurman en Sybren Jansma dy't meidie oan it bobslydzjen op de Olympyske Winterspullen fan 2010 yn Fankoever.

De feriening hie op in stuit mear as 400 leden en wie doe fierwei de grutste fan it Noarden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: