Springe nei ynhâld

Immanuel (Noardburgum)

Ut Wikipedy
Immanuel
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel
plak Noardburgum
adres Ryksstrjitwei 23
koördinaten 53° 13' N 6° 00' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Griff.-frijmakke
Arsjitektuer
boujier 1939; ferboud 1975
Webside
Side fan de gemeente
Kaart
Immanuel (Fryslân)
Immanuel

Immanuel is de tsjerke fan de frijmakke gemeente yn Noardburgum (gem. Tytsjerksteradiel).

De tsjintwurdich frijmakke tsjerke waard yn 1939 boud foar de doe oprjochte grifformearde tsjerke yn Noardburgum. Foar dy tiid tsjerkten de grifformearden yn Feanwâldsterwâl. De earste dûmny fan Noarburgum's grifformearde gemeente, dûmny J. van der Wal, gyng mei de tsjerkeskuorring flak nei de Twadde Wrâldkriich mei in part fan de tsjerkeried en de gemeente oer nei de frijmakke tsjerke en it gebou waard oan de frijmakken tawiisd.

De grifformearden dy't net oergyngen nei de frijmakke tsjerke, lieten oan de Sânhústerwei in nije tsjerke bouwe, dêr't yn 1949 de earste stien foar lein waard. Sa lang as it wurk oan de nijbou duorre mochten de synodaal-grifformearden de âlde tsjerke noch brûke.

De frijmakke tsjerke waard yn 1975 en 1981 fergrutte en ferboud.[1]

It oargel fan de tsjerke waard yn 1963 troch de firma Strubbe foar de grifformearde tsjerke "De Opdracht" yn Drachten boud. Strubbe makke by de bou gebrûk fan âlder piipwurk fan in oargel út 1873, dat ea boud wie foar de Sint-Jehannes de Dopertsjerke yn Wyk by Duerstede. Yn ferbân mei de bou fan de nije tsjerke "De Oase" waard "De Opdracht" oerstallich en sloopt. It oargel fan "De Opdracht" waard oernommen troch de frijmakke tsjerke. Yn 1997 ferhûze oargelmakker Sicco Steendam it oargel nei Noardburgum.[2]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: