Springe nei ynhâld

Ilmenau (rivier)

Ut Wikipedy
De rin fan de Ilmenau

De Ilmenau is in rivier besuden Hamboarch, Leechsaksen yn Dútslân. It is ien fan de sydrivieren fan de Elbe.

De rivier ûntspringt op de Luneburger Heide op 35 meter hichte, súdlik fan Uelzen en mûnet út yn de Elbe by Winsen. De Ilmenau is 107 km lang en syn ôfwetteringsgebiet omfiemet 2.852 km². De grutste plakken oan de Ilmenau binne Uelzen en Luneburch. De stêd Ilmenau yn Turingen leit net oan de Ilmenau, mar oan de rivier Ilm.

Dizze rivier is fan Luneburch ôf foar 28.84 km te befarren, mar is hjoed de dei foar it ferfier oer wetter net mear fan folle belang. Wettersporters en boatsjeminsken brûke de rivier wol.