Ikeflinter

Ut Wikipedy
Ikeflinter
Neozephyrus quercus-08 (xndr).jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: reachwjukflinters (Lycaenidae)
soarte
Neozephyrus quercus
Neozephyrus quercus

De Ikeflinter (Neozephyrus quercus) is in soarte yn it skaai Neozephyrus.

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter is in algemiene stânflinter. Dôchs wurdt de flinter net faak sjoen. De flinter is te finen op keale sângrûn en foaral yn de dunen.

De flinters frette foaral huningdauwe. Moarns betiid komt de flinter nei ûnderen om te drinken fan de fochtige grûn of fan 'e dauwe. De flinter fljocht jûns let heech yn de beam krunen fan ikelbeammen. Dêrom wurde se net in soad sjoen en dat wylst der bytiden hiel wat omspane yn mar in pear beammen.

Op de reade list stiet de flinter as net bedrige.

Flinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter is likernôch 16 mm lang. De mantsjes hawwe in pearseftige glâns op de efter- en de foarwjukken. It wyfke hat swarteftige efterwjukken. Oan de efterkant fan de wjukken hawwe sawol de mantsjes as de wyfkes in lyts sturtsje.

Fleantiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter fljocht fan mids july oant ein augustus. De fljocht fleant altyd yn ien generaasje.

Rûp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonge rûpen boarje harsels yn de knop fan in blêd. Gruttere rûpen sitte yn speanzelnesten. En frette foaral yn de nacht. It ferpopkjen bart yn in losse kokon. De rûp oerwinteret as in aaike by in knop oan de ein fan in takke.

De weardplant fan de flinter is de ikebeam en dan foaral de simmeriik.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neozephyrus quercus-04 (xndr).jpg