De iikhoarntsjes en sliepmûzen (wittenskiplike namme: Sciuromorpha) foarmje in ûnderskift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia). Hoewol't dit ûnderskift net altyd op deselde manear gearstald wurdt, heart de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) der altyd ta, en dy fan 'e stompsturtiikhoarntsjes (Aplodontiidae) meastal ek. Inkeld wurde dizze beide groepen ek wol ûnderbrocht yn in tuskenskift (Sciurida) of in boppefamylje (Sciuroidea), om 'e nauwe ûnderlinge bân te ûnderstreekjen. Dêropta wurde dan noch ferskate oare groepen oan it ûnderskift Sciuromorpha tafoege, wêrûnder guon útstoarne famyljes en meastal ek de sliepmûzen (Gliridae), dy't foarhinne by de mûsfoarmigen (Myomorpha) yndield waarden, mar dêr gjin neie bân mei lykje te hawwen. Yn totaal omfiemet it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen 307 libbene soarten.