Igel
Appearance
| Igel | ||
| Pylder fan Igel | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| dielsteat | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 2.076 (2021) | |
| Oerflak | 7,31 km² | |
| Befolkingsticht. | 284 ynw./km² | |
| Hichte | 164 m | |
| Oar | ||
| Koördinaten | 49° 42' N 6° 32' E | |
| Offisjele webside | ||
| gemeinde-igel.de | ||
| Kaart | ||
Igel is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak leit súdwestlik fan Trier op de lofter igge fan 'e Mûzel.
Bestjoerlike yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Igel is in Ortsgemeinde fan it gemeenteferbân Trier-Land, dat ûnderdiel foarmet fan 'e lânkring Trier-Saarburg.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De Pylder fan Igel is in 23 meter heech Romeinsk grêfmonumint en ien fan 'e monuminten fan it UNESCO-wrâlderfgoed Romeinske monuminten, dom en Leaffrouwetsjerke yn Trier.
- De âlde Sint-Dionysiustsjerke fan Igel is in barokke tsjerke út 1758-1759 mei in 12e-iuwske romaanske toer.
- Oan 'e Trierer Straße 30 stiet in foarname hearepleats mei hoektuorkes, dy't op de 17e iuw werom giet.
- It Grutenhäuschen west fan it doarp is in foar part rekonstruearre 3e-iuwske Romeinske grêftimpel.
- Tusken Igel en Wasserliesch lizze de resten fan de Hindenburgbrêge. De brêge út 1912 waard tsjin it ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch troch de Wehrmacht opblaasd en net wer opboud.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Igel fan Wikimedia Commons. |