Springe nei ynhâld

Ierdbeving yn Turkije en Syrje (2023)

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Ierdbeving yn Turkije en Syrje (2023)
Ierdbeving yn Turkije en Syrje (Turkije)
Ierdbeving yn Turkije en Syrje
It plak fan it epysk sintrum fan de ierdbeving.
plak en tiid
datum6 febrewaris 2023
tiid01.17 oere (UTC)
lân Turkije
Syrje
regioSúdeast-Anatoalje
provinsjeGaziantep
plakGaziantep
koördinaten37°10′26″N 37°01′55″E
bysûnderheden
type rampierdbeving
subtypesydskowing
krêft7,8 op 'e Skaal fan Richter
yntinsiteitX-XI op 'e Skaal fan Mercalli
doer80 sekonden
djipte17,9 km
breklineEastanatoalyske Brekline
gefolgen
deaden±44.000 (Turkije)
±6000 (Syrje)
ferwûnen>87.560 (Turkije)
>7280 (Syrje)
skea$84,1 miljard (Turkije)
$5,1 miljard (Syrje)

Op 6 febrewaris 2023 wie yn de nacht (4:17 oere pleatslike tiid) in swiere ierdbeving dy't parten fan Súd-Turkije en Noard-Syrje trof. De beving hie in krêft fan Mw 7,8 -8,0 en in yntinsiteit fan X-XI op de skaal fan Mercalli Ien fan de neiskokken hie in krêft fan Mw 7,7.

Neffens it United States Geological Survey waarden behalve Turkije en Syrje ek ûnder oare de lannen Syprus, Libanon, Jordaanje, Armeenje, Georgje en Irak troffen troch de ierdbeving en de neiskokken dêrfan. Yn Nederlân waard de ierdbeving ek metten yn de Heimansgroeve yn Súd-Limboarch.

Op 20 febrewaris 2023 wie der op 'e nij in swiere ierdbeving yn deselde regio's. Dizze hie in krêft fan Mw 6,4 en waard folge troch in neiskok fan Mw 5,8. Op 25 febrewaris folge noch in ierdbeving, mei in krêft fan Mw 5,2.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL