Springe nei ynhâld

Idemahûs

Ut Wikipedy

It Idemahûs wie in state yn Westerbuorren fan Westergeast. It ûntstean is ûnbekend en fan de state is neat mear fan werom te finen.

Lykas Allemastate yn Aldwâld is Idemahûs in nijsgjirrich foarbyld fan in wenplak fan in famylje dy't yn de Midsiuwen him wat status oanbelanget op de grins fan haadlingen en eigenierden lei. Yn 1572 waard de heert toe Idemahuis fermelden. De âldst bewarre bleaune fernijing fan de Idema's is út 1467. Fan it ferdrach fan Kollumerlân mei Grins waarden doe Jdema bern * útsûndere. Soks wiist derop dat se by in fete belutsen wiene. Alve jier letter is der opnij sprake fan in fetekontekst. Yn 1478 hie Owo Idama in Jelle deaslein. Dy syn sibben Sibrand Sakama en Kempo Aesma plonderen doe de besittings fan Owo. It gerjocht besleat dêrnei dat se it rôfde weromjaan moasten, omdat se de lânsfrede skeind hienen. De saak moasten se foar it gerjocht bringe. Blikens in notariële ferklearring fan 1565 wie dizze Owo of Uwe Ydema de stichter fan de Sinte Nicolaesprebende yn de tsjerke fan Westergeast; syn erfgenamten pretindearren yn 1565 it patronaatsrjocht.

Andreae typearre de Idema's as eallju; Vries en oaren seagen harren resint as foaroansteande eigenierden. De kombinaasje fan meardere fermeldings yn in geweltskonflikt mei de stichting fan in prebende is de reden om hjir Andreae's miening swier telle te litten. Wol is dúdlik dat se nei 1500 net mear ta de edelen rekkene waarden.

Uwes syn soan Douwe Idema waard yn 1503 feroardiele ta it beteljen fan rinten, mei jeften fan froulike famyljeleden dy't yn it konvint Sion yntrede wienen, út Idemagoed op Kettingwier, krektas ûnder Westergeast. Ek op Weardebuorren ûnder Westergeast en by Driezumersyl ûnder Driezum wienen Idema-goederen eigendom fan de family; Grut Idema (Ydama) by Driezumersyl waard troch Douwe sels brûkt. Douwes syn soan Syurd Idema wenne yn 1565 te Driezum op Grut Idemastate dêre, syn oare soan, Haye Idema op Idema te Westerbuorren. Oant minstens 1654 hearde dit lêste goed oan neikomlingen yn froulike line fan de Idema's. Yn manlike line stamden de familys Fan Idema, Alma fan Idema en Bouricius fan Idema út de âlde Idema's. Se hearden diels ta it patrisiaat en hienen gjin rjochten mear yn Idema op Westerbuorren; de Alma fan Idema's lykwols al yn Allema te Aldwâld.

Fan Idema is gjin ôfbylding as stins of hearehûs bewarre bleaun. Wol fertoant de âldste kadasterkaart fan ± 1823 in brede grêft om de pleats op dat stee. Idema wurdt net op de kaarten fan Winsemius (1622) en Schotanus (1664, 1718) oanjûn; wol troch Eekhoff (1847).

  • Mei Pybe Meckema (Meckema te Kollum), Pybe Bawema (Bama te Kollum), Bennert Eysema (Eysma te Aldwâld), Bennert Sappema (Sappema te Aldwâld), Ouwe Algersma up der Treme (Algersma te Westergeast), Mecke Yeltkema (Oentzema te Westergeast) en Sye Bouwema (Buma te Westergeast). Pax, 33, nr. 19, r. 165.
Eigeners
  • - ? Jdema bern, 1467.
  • Uwe Idema, 1478.
  • Douwe Idema, fernijd yn 1503, 1511 en 1529.
  • Haye Idema, fernijd yn 1550, 1565 en 1581.
  • ? Baucke Hayes, 1585 folmacht fan Westergeast, 1601 fan Kollumerlân.
  • Haye Bauckes (Idema), yn 1640 eigener fan Idema te Westerbuorren en fan oare goederen ûnder Westergeast

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: