Westerbuorren (Noardeast-Fryslân)
Appearance
(Trochferwiisd fan Westerbuorren (Kollumerlân))
De Westerbuorren is in buorskip by it doarp Westergeast yn de gemeente Noardeast-Fryslân. It leit benoarden it doarp, sydlings de Wâlddyk. De namme komt ek foar as Wester Buiren. Op ien fan de kaarten út 1700 stiet by de gebouwen 'Idema' en 'Klein Idema' oanjûn.
Westerbourren hat in úthôf fan it Norbertynske kleaster De Oliifberch yn Feankleaster west. Dat kleaster wie ynearsten in dûbelkleaster foar sawol manlju as froulju, mar by de kleastersplitsing binne de manlju nei it úthôf yn Westergeast ferhuze. Op de kadastrale kaart stiet it noch as 'It Konvint' oanjûn. Earder waarden dêr ek de nammen Borch en Monckehuys foar brûkt.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|