Hynstewâd
Appearance
In hynstewâd (Nederlânsk: Paardenwed) wie eartiids in plak dêr't hynders boarne en skjinmakke wurde koene. In gefal fan in stêd wie de hynstewâd faak yn de grêft by de stedspoarte. Reizgers koene harren hynders dêr bekomme litte fan de reis.
Yn guon plakken ferwize strjitnammen noch nei in hynstewâd, bygelyks yn Om 't Wedde yn Montfoort en Paardenwed yn Amersfoort. Yn 2014 waard yn de grêft fan Martenastate yn Koarnjum in hynstewâd ûntdutsen.