Springe nei ynhâld

Hyasintara

Ut Wikipedy
Hyasintara
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famylje pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae)
skaai blauwe ara's (Anodorhynchus)
soarte
Anodorhynchus hyacinthinus
Latham, 1790
IUCN-status: bedrige
ferspriedingsgebiet

De hyasintara (Anodorhynchus hyacinthinus) is in pappegaai út it skaai blauwe ara's (Anodorhynchus). De fûgel hat in gewicht oant 1,3 kg en in lingte oant 1 m en is dêrmei de grutste pappegaai fan 'e wrâld dy't fleane kin.

De fûgel stiet op 'e Reade list fan IUCN sûnt 2016 as gefoelich. De populaasje waard yn dat jier op mar 4.300 fûgels rûsd en it oantal rûn doe tebek. De grutste populaasje fan 'e fûgel libbet yn it biosfearreservaat Pantanal.

Fleanende hyasintara.

Hyasintara's binne likernôch 1 meter lang en wege oant 1,3 kg, selden sels oant 1,5 kg. It is de grutste pappegaaiesoarte en wat gewicht oanbelanget de ien nei swierste pappegaaiesoarte. Allinne de Kakapo, in pappegaai út Nij-Seelân dy't net fleane kin, is noch swierder. De fearren fan 'e Hyasintara's binne hielendal kobaltblau. De eachring en in smelle streek by de ûndersnaffel binne giel. De soarte hat oan eltse poat fjouwer teannen en mei help fan harren snaffel binne de fûgels tige betûfte klimmers.

De hyasintara komt hjoed-de-dei noch yn trije gebieten fan Brazylje foar. In populaasje libbet yn it eastlike Amazônegebiet oan 'e Rio Xingu, Rio Tapajós en Tocantins en in oare populaasje yn 'e regio Cerrado. De grutste populaasje libbet yn 'e fochtige gebieten fan 'e Pantanal yn it grinsgebiet fan Brazylje, Paraguay en Bolivia.

De fûgels libje yn sompige begroeide gebieten, savanne's en rânegebieten fan it reinwâld.

Hyasintara's binne spesjalisearre yn it iten fan it hurde sied fan in pear palmbeammen, lykas de Attalea en de Macauba-palmbeam. Se wurde mei help fan 'e sterke snaffel mei gemak brutsen. Hy yt it measte yn 'e beammen, mar hellet fan 'e grûn ek wol fallen fruit en nuten. De fûgel yt moarns en op jûntiid.

Nêst.

De fûgels binne sosjaal en libje yn lytse famyljeferbannen, dy't faak út meardere pearkes en juvenilen bestean. Se binne monogaam en briede tusken july en desimber yn grutte beamholtes. In nêst bestiet yn 'e regel út twa aaien. It wyfke briedt de aaien út, wylst it mantsje om iten siket. Faak wurdt mar ien jong grutbrocht. Yn 'e briedtiid, dy't 28 oant 30 dagen duorret, wurdt likernôch in fearn fan alle aaien út it nêst rôve. Nei it útkommen fan 'e aaien bliuwe de piken noch 107 dagen yn it nêst. As de jonge fûgels útflein binne, bliuwe se noch 12 oant 18 moannen by de âlders.

Yn it wyld wurdt de hyasintara 25 jier âld, yn finzenskip kinne se wol 90 jier âld wurde.

De IUCN rûsde de populaasje yn 2016 op 4.300 folwoeksen fûgels en de oantallen rûnen doe tebek. Troch yllegaal fûgels te fangen en as hûsdier te ferhanneljen is de arasoarte seldsum en kwetsber foar útstjerren. Yn 'e jierren 1980 binne tûzenen fûgels fongen, wêrfan't likernôch de helte op 'e Brazyljaanske merk ferkocht waard. Fierder hat de fûgel lêst fan minsklike aktiviteiten yn harren leefgebiet en it yn 'e brân stekken fan wâlden om 'e grûn yn greide om te setten.

Yn it bolwurk fan 'e hyasintara, de Pantanal, ferneatige in grutte brân yn augustus 2024 in grut part fan it biotoop fan 'e hyasintara. Nei't in frachtwein op oanbuorjend lân yn 'e brân rekke, grypte it fjoer troch de wyn om him hinne en yn likernôch trije dagen tiid waard 80% fan it hyasint-reservaat ferneatige en dêrmei ek iuwenâlde beammen en de palmbeammen dêr't de hyasintara syn iten fan hat. Yn 2019 ferneatigen brannen de nêsten en de jonge fûgels, yn 2024 ûntstie de brân oan it begjin fan 'e briedtiid, wêrtroch nêsten ferlern gyngen.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: