Springe nei ynhâld

Hustler

Ut Wikipedy
Hustler
Hustlerwinkel yn Hollywood
Hustlerwinkel yn Hollywood
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre pornografy
frekwinsje 1x de moanne
bestean 1974 – no
oprjochter Larry Flynt
plak haadred. Beverly Hills (Kalifornje)
útjouwer Larry Flynt Publications
oplaach ±500.000
ISSN 0149-4635
offisjele webside
www.hustlermagazine.com

Hustler of Hustler Magazine is in Amerikaansk pornoblêd, dat al sûnt 1974 ienris yn 'e moanne útjûn wurdt troch Larry Flynt Publications, it sake-konglomeraat fan 'e Amerikaanske pornografyprodusint Larry Flynt. De earste tweintich jier wie it in neakenblêd; de ferskowing nei in pornografyske ynhâld datearret út 'e jierren njoggentich. Fan in twifelich begjin groeide it tydskrift oan it begjin fan 'e jierren njoggentich út ta in hichtepunt fan sa'n 3 miljoen ferkochte eksimplaren de moanne. Sûnt is de ferkeap stadichoan ynsakke, lykas dat mei alle printe media it gefal is, en op 't heden hat Hustler in oplaach fan sa'n heal miljoen eksimplaren. Hustler is in folle ekplisiter blêd, en hat dat ek altyd west, as syn bekende konkurrinten, de Playboy en de Penthouse, en besiket mei sin in minder heech oplaat publyk oan te sprekken. De modellen fan 'e moanne yn Hustler wurde Hustler Honeys neamd (yn neifolging fan Playboy Playmates en Penthouse Pets).

Yn maart 1972 begûn Larry Flynt, de eigner fan in keatling fan stripklubs yn 'e steat Ohio, de Hustler Newsletter út te jaan, in fjouwersidige swart-wytútjefte, wêrmei't er syn klubs oanpriizgje woe. Dat "nijsbrief" bliek ûnder syn klanten sa populêr te wêzen, dat er it yn maaie 1972 útwreide ta sechstjin siden en yn augustus 1973 ta twaentritich siden. Doe't it fanwegen de ekonomyske delgong, feroarsake troch de Oaljekrisis fan 1973, yn it neigean rekke mei syn stripklubs, besleat Flynt om 'e Hustler Newsletter om te foarmjen ta in nasjonaal neakenblêd.

Hustler Honey Ruby Knox synjearret eksimplaren fan Hustler op it AVN Adult Entertainment Expo fan 2006.

Yn july 1974 kaam it earste nûmer fan Hustler út en binnen it jier hied Flynt dêr safolle mei fertsjinne dat er al syn skulden ôfbetelje koe. Fan novimber 1974 ôf waarden yn Hustler saneamde pink-shots (foto's wêrop't de fagina's fan 'e modellen te sjen wiene) printe, wat ta grutte kontroverse late. (Oare neakenblêden, lykas de Playboy en de Penthouse, toanden doedestiden op harren foto's allinnich wat skamhier.) De útjefte fan elts nûmer fan Hustler gie mank mei strideraasjes en deilisskip, mei't withoefolle lju it blêd as obseen beskôgen en fûnen dat it ferbean wurde moast.

Koarte tiid letter waard Flynt hifke troch een paparazzo, dy't neakenfoto's nommen hie fan 'e eardere first lady Jackie Kennedy, wylst se yn 1971 op fakânsje oan it sinnebaaien wie. Flynt kocht de foto's foar $18.000 en publisearre se yn augustus 1975 yn Hustler. Fan dat nûmer waarden yn in pear dagen tiid mear as in miljoen eksimplaren ferkocht. Flynt waard der miljonêr troch. Yn 1976 rjochte er syn bedriuw Larry Flynt Publications (LFP) op, dêr't er al syn aktiviteiten yn feriene, lykas de publikaasje fan Hustler en oanbesibbe blêden as Barely Legal, Busty Beauties en Asian Fever, en teffens de distribúsje dêrfan.

Fan it begjin ôf oan wie Hustler redaksjoneel in linksich blêd, wat him utere yn iepentlike stellingnames oangeande it ekonomysk en bûtenlânsk belied fan it Amerikaanske regear en yn maatskiplike kwestjes, lykas it rjocht op abortus, de frijheid fan mieningsutering en de ynfloed fan 'e tsjerken op 'e Amerikaanske maatskippij. Soks makke it ferskil mei de Playboy en de Penthouse, dy't dúdlik rjochts wiene, nammenste grutter. De hiele tachtiger jierren troch brûkte Flynt Hustler as platfoarm om syn krityk op it regear fan presidint Ronald Reagan en hiele religieus rjochts buorkundich te meitsjen. Yn 'e njoggentiger jierren, doe't de Republikeinen besochten en set de Demokratyske presidint Bill Clinton ôf, died er alles dat er betinke koe om 'e ôfsettingsproseduere in stôk tusken de speaken te stekken, û.m. troch jild út te loovjen foar ynformaasje oer seksueel skeanskermjen fan Clinton syn fijannen.

Larry Flynt.

Eltse moanne wurdt guon leden fan it Amerikaanske Kongres fergees en sûnder dat se dêrom frege hawwe, in Hustler tastjoerd. Flynt begûn mei dy gewoante earne tusken 1974 en 1983, en giet der noch altiten mei troch. Yn in fraachpetear seid er dêroer: "Ik fûn dat se ynformearre wurde moasten oer wat der yn 'e rest fan 'e wrâld omgiet. [...] Party koe it net bot wurdearje. Ik haw hoegenamt gjin plannen om dermei op te hâlden."

Yn 1988 wûn Flynt de wichtige saak Hustler Magazine vs. Falwell foar it Amerikaansk Heechgerjochtshôf, nei't er yn 1983 oanklage wie troch de tillefyzjedûmny Jerry Falwell om't der yn in spotprint yn Hustler suggerearre wie dat dyselde syn earste seksuële ûnderfining opdien hie mei syn eigen mem yn in bûtendoarhúske. Falwell bewearde dêr psychyske skea troch oprûn te hawwen, mar it fûnis makke dúdlik dat publike figueren soksoarte skansearrings net ferhelje kinne op 'e ferantwurdlike, sels net as it mei sin feroarsake is. Dizze útspraak wurdt sjoen as in mylpeal yn it Amerikaanske debat oer de frijheid fan mieningsutering.

Mids jierren njoggentich besleat Flynt om 'e ynhâld fan Hustler te ferskowen fan neakenfotografy ta planute pornografy, sadat it tydskrift in pornoblêd waard.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.