Springe nei ynhâld

Huntington Beach (Kalifornje)

Ut Wikipedy
Huntington Beach
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Kalifornje
County Orange County
Sifers
Ynwennertal 189.992 (2010)
Oerflak 82,6 km² (ynkl. wetter)
69.3 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 2.300,8 / km²
Stêdekloft Los Angeles
Hichte 12 m
Oar
Stifting 1905
Tiidsône UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 33°41′34″N 118°00′01″W
Offisjele webside
www.huntingtonbeachca.gov
Kaart
De lizzing fan Huntington Beach yn Orange County en yn 'e steat Kalifornje.

Huntington Beach, gauris ôfkoarte ta H.B., is in stêd oan 'e súdwestkust fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn Orange County yn 'e regio Súdlik Kalifornje. It stiet fral bekend as ien fan 'e bêste plakken yn 'e Feriene Steaten om te surfen. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Huntington Beach doe krapoan 190.000 ynwenners, wêrmei't it yn grutte de fjirde stêd fan Orange County is (nei Anaheim, Santa Ana en Irvine) en de sechstjinde fan Kalifornje. Huntington Beach heart ta de stêdekloft fan Los Angeles, dy't neffens in offisjele skatting út 2012 in befolking hat fan goed 12,8 miljoen minsken.

De krite dêr't Huntington Beach no leit, waard oarspronklik bewenne troch de Tongva-Yndianen. De earste Jeropeaan dy't him der nei wenjen sette, wie de Spaanske âld-soldaat Manuel Nieto, dy't yn 1784 foar syn tsjinsten 1.200 km² lân yn súdlik Kalifornje taparte krige. Beach Boulevard, dat no de haadstrjitte fan Huntingdon Beach is, begûn syn bestean as in feepaad op 'e hacienda (hearebuorkerij) dy't Nieto yn 'e krite stifte. It gebiet hearde earst ta oan 'e Spaanske koloanje Nij-Spanje (oant 1821), doe oan it ûnôfhinklike Meksiko (1821-1848), en kaam úteinlik nei de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch (1845-1848) by de Feriene Steaten te hearren.

Sinne-ûndergong boppe it strân fan Huntington Beach.

Yn 1905 waard de delsetting Huntington Beach stifte, dy't yn 1909 offisjeel de status fan stêd krige. De ûntjouwing en kolonisaasje fan it gebiet waard nuveraardigernôch stimulearre troch in bedriuw dat ensyklopedyen ferkocht, en dat by de oanskaf fan in folsleine set foar $ 126 (wat nochal in priis wie yn dy tiid), der fergees in perseel lân op ta joech yn Huntingdon Beach, dêr't it bedriuw suver foar neat in hiele lape grûn yn 'e hannen krigen hie. De lju dy't dêrop yn giene, en sa grûnbesitters yn Huntington Beach waarden, wûnen de jackpot doe't ûnder harren lân letter oalje fûn waard. Hoewol't dy âlde boarnen foar it meastepart al lang útdien binne, kin men tsjintwurdich rûnom yn 'e stêd noch altiten âlde jaknikkers fine. Hjoed de dei wurdt der inkeld foar de kust noch op grutte skaal nei oalje boarre. Njonken oalje produsearre Huntington Beach oarspronklik ek fral selderij en sûkerbiten.

Huntington Beach hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekonomy fan Huntington Beach, dy't lange tiid fral ôfhinklik west hat fan lânbou en ierdoaljeproduksje, stipet hjoed de dei mear op yndustry en toerisme. Der wurdt noch wol oalje oppompt, mar de dei is net fierôf dat de pleatslike oaljeboarnen, sawol dy ûnder de stêd sels as dy foar kust, hielendal útdien wêze sille. Wat yndustry oangiet, hat Huntington Beach ien fan 'e grutste fabriken fan fleantúchfabrikant Boeing, dy't foarhinne fan konkurrint McDonnell-Douglas wie. Mei goed 4.600 banen is Boeing de grutste wurkjouwer fan 'e stêd.

It toerisme kin de yndustry yn wichtigens foar de stêd lykwols skoan belykje. Fral it rom 15 km lange strân lûkt in protte minsken oan, benammen surfers. Huntington Beach stiet bekend as ien fan 'e bêste surfplakken fan 'e Feriene Steaten, fanwegen it feit dat de weagen der op natuerlike wize fuortsterke wurde troch de lizzing fan it eilân Santa Catalina, fuort foar de kust. De stêd hat it hannelsmerk Surf City ("Surfstêd") dan ek offisjeel fêstlizze litten, wat ta in heech oprinnende deilisskip laat hat mei Santa Cruz, dat ek oanspraak op dy namme makket. Oare, besibbe, attraksjes yn Huntington Beach binne de Huntington Beach Pier, in ferdivedaasjepier, en it Ynternasjonaal Surfmuseum.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Huntington Beach 14,2% âlder as 65 jier en 20,6% jonger as 18 jier. Fierders bestie 33,7% fan 'e húshâldings út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 67,2% blanken; 17,1% Latino's; 11,1% Aziaten; 1,0% swarten; 0,5% Yndianen; 3,1% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Berne yn Huntingdon Beach

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Huntington Beach Pier.

Stoarn yn Huntingdon Beach

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Huntington Beach hat in Mediterraansk klimaat, mei noflike simmers en tige mylde winters. Yn augustus en septimber, de waarmste moannen, is de trochsneed temperatuer oerdeis 23 °C, en fan desimber oant en mei maart, de kâldste tiid, is dat 18 °C. De stêd kriget jiers trochinoar 295,9 mm delslach; snie komt der net foar.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.