Huis ter Heide (Utert)
Huis ter Heide is in doarp in de gemeente Seist yn de provinsje Utert). It is fêstgroeid oan Bosch en Duin en hat 3.140 ynwenners (2021, Gemeente Seist). It wurdt trochsnien troch de N237 en de N238. It stasjon Hûs ter Heide waard yn 1941 sluten.
Bekende ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Christiaan Posthumus Meyjes sr. (dêre ferstoarn; 1922)
- Christiaan Posthumus Meyjes jr. (dêre ferstoarn; 1974)
- Theodoor Gerard Schill (dêre ferstoarn; 1914)
- Henk Vredeling (dêre ferstoarn; 2007)
- Willem Johannes Ouweneel
Prins Alexander Stifting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Huis ter Heide wie in ynternaat fan de Prins Alexander Stifting mei de dêrby hearrende skoalle, Piet Oost Skoalle, in ûnderwiisynstelling foar bline en min sjende bern. Prinses Marijke hat der ûnderwiis folge. De stifting wie yn 1911 oprjochte troch Piet Oost. Yn Huis ter Heide draacht noch in pân syn namme. Hjir is Oost begûn mei in skoaltsje foardat de stifting ferhuze nei de hoeke Bergweg/Prins Alexander Weg, fandêr de nammen Piet Oost Skoalle en Prins Alexander Stifting. Sûnt 1951 wie hjir ek plak foar min sjenden. Yn 1980 fierde de ynstelling syn 100-jierrich bestean. Yn 1988 binne de stifting, én it ynternaat en de skoalle opheft. Alle aktiviteiten waarden ûnderbrocht by Visio yn Huizen.
McDrive
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Begjin septimber 1987 krige Huis ter Heide even lanlike bekendheid troch de iepening fan de earste McDrive-fêstiging fan fastfood-restaurantketen McDonald's fan Nederlân. In McDrive is in saneamde drive-in fêstiging dêr't men sûnder út de auto te kommen in bestelling opjaan kin om it dêrnei yn de auto op te iten op it parkearterrein.
-
Wite tsjerkje
-
Sândedeis Advintisten
-
Multisafe
Seist | ||
---|---|---|
Doarpen: Austerlitz • Bosch en Duin • Den Dolder • Huis ter Heide • Seist | ||
· · |