Springe nei ynhâld

Theodoor Gerard Schill

Ut Wikipedy
Theodoor Gerard Schill
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 4 oktober 1852
berteplak Batavia
stoarn 15 oktober 1914
stjerplak Huis ter Heide
wurkpaad
berop/amt Arsjitekt

Theodoor Gerard Schill (Batavia[1] , 4 oktober 1852Huis ter Heide, 15 oktober 1914)[2] wie in Nederlânsk arsjitekt.

Schill begûn syn boukundige karriêre mei in stúdzje ta sivyl yngenieur en boukundich yngenieur oan de Polytechnische School te Delft. Neidat er de stúdzje dien hie, wurke er in skoft op in arsjitekteburo yn Wenen. Yn de jierren 70 fan de njoggentjinde iuw sette er dêrnei, tegearre mei D.H. Haverkamp, in arsjitekteburo op yn de Amsterdamske Jan Luykenstrjitte (nûmer 20). Hy krige kunde oan Haverkamp doe 't er by de bou fan it Ryksmuseum op it buro fan Pierre Cuypers wurke.

Wurken (tegearre mei Haverkamp)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Klubhûs op de hoeke fan de Kalverstraat dêr't oant 1976 De Groote Club festige wie

In kar:

  • 1872: De Groote Club op de Dam yn Amsterdam
  • 1884-1885: Gebou fan de Maatschappij tot Bevordering der Bouwkunst, Marnixstrjitte 402, Amsterdam
  • 1890-1891: Fersekeringsgebou 'Kosmos', Koningsplein 1, Amsterdam
  • 1912: Filla, Museumplein 19, Amsterdam

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. openarch.nl, út Stadsarchief Amsterdam.
  2. Graftombe.nl