Christiaan Posthumus Meyjes jr.

Ut Wikipedy
Christiaan B. Posthumus Meyjes (1970)

Christiaan Posthumus Meyjes jr. (Amsterdam, 9 maaie 1893 - Aerdenhout, 28 novimber 1975) wie in Nederlânske arsjitekt.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Syn heit C.B. Posthumus Meyjes sr. (1858-1922) wie ek arsjitekt, fan 1919 ôf hiene sy tegearre it Bureau Posthumus Meyjes en zoon. Nei de dea fan syn heit soe er yn 1926 de opwurkje mei arsjitekt Jakob van der Linden yn arsjitekteburo Posthumus Meyjes en Van der Linden. Hy ûntwurp in protte soarten gebouwen, foaral lânhuzen, kantoargebouwen en sikehuzen.

Posthumus Meyjes studearre oan de Technyske Hegeskoalle yn Delft. Dêrnei wurke er in jier op it buro fan arsjitekt Karel de Bazel.

Hy wie yn 1912 belutsen by de bou fan it Nederlânsk Herfoarme Opfiedingsgesticht foar jonges Valkenheide yn Maarsbergen, dêr't syn heit boumaster wie. Yn 1916 krige er opdracht om de bûtenpleats Schaep en Burgh yn 's-Gravenland te restaurearjen.

Ta syn wichtichste nijbouprojekten hearre de Eastertsjerke yn Haarlim (1924), it psychiatrysk sanatoarium Koningsheide yn Arnhim (1936), de útwreiding fan it gebou fan de Kasvereeniging en it gebou fan de Javasche Bank (1938) yn Amsterdam, it yn 1999 ôfbrutsen kuol- en frieshûs Amerika yn it Eastlik Havengebiet fan Amsterdam (1949) en it Julianasikehûs Zaandam (1951). Yn de Vogelbuurt yn Amsterdam-Noard hat er de Dr. C.P. van Eeghenschool (1923) ûntwurpen.

Hy wie ek lid fan in soad kommisjes, redaksjes en organen en fan de gemeenteried fan Bloemendaal.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]