Springe nei ynhâld

Houliksbrûkme

Ut Wikipedy

Ta de Fryske houliksbrûkmen hearde eartiids de ritus fan de knottedoek, wêrby't de oanbidder in los knope siden doek mei inkele goudstikken dêryn oan de oanbiddene oanbea. Luts hja de knoop oan dan wienen hja in pear. Letter kamen ek lytse sulveren breidskofferkes en houliksherten yn swang.

Op it plattelân hat de brulloft noch in grut barren west. De buert flagge en by it houlik fan in boeresoan of -dochter stie yn guon kriten de flagge op de skuorre as de breugeman, op it foarhûs as de breid dêr wennet. Op oare plakken stiene ek op de pleatsen fan de buorlju flaggen. As der noch in wettermûne by de pleats hearde waard dy ek beflagge. Yn Boazum wie in spesjale flaggeklup, dy't de flaggen sette en nei ôfrin traktearre waard.

At ien fan it troupear lid fan in feriening (bg. de lanlike ruters) wie barde it faak dat de leden har mei attributen foar it gemeentehûs opstelden. Hjir en dêr (Earnewâld, Barradiel) struiden de bern 'loverkes' (papiersnipels) by it weromkommen út it gemeentehûs. Se waarden dêrfoar leanne troch snobbersguod of sinten dy't op 'e grabbel struid waarden. De brulloft 'op 'e seale' (yn de herberch) op de jûn fan de troudei wie in grut en drok feest. It breidspear siet ûnder in spegel dêr't mei sjippe opskreaune lokwinsken op stiene.

It barde ek wol dat in geit as gefolch fan in weddenskip ûnder frijfeinten jûn waard. Wa't fan harren it earst troude, krige sa'n bist (as begjin fan in eigen feesteapel) oanbean en wol foár it gemeentehûs.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Huwelijksgebruiken.