Breidskofferke
Appearance
In breidskofferke wie in doaske, faak yn de foarm fan in kofferke en meastentiids fan sulver. Yn it Dútsk wurdt it Minnekästchen neamd.
Friezen fan oansjen joegen it harren breid ynstee fan de eardere knotte, it boeregeskink. It breidskofferke siet fol jildstikken. Faak stienen der symboalyske foarstellings en opskriften op. It hie deselde funksje as in houlikshert. Yn Hylpen joech men elkoar ek wol in ponge.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|