Hotse fan Donia
Appearance
Hotse fan Donia wie grytman fan Hinnaarderadiel.
Hotse wie de tredde soan fan Tjerk Harinxma fan Donia en Auck fan Donia. Hy waard yn 1453 grytman fan Hinnaarderadiel, wenne yn Iens en hie in grut oandiel yn de Donia-oarloch. Mei syn bruorren Agge en Haring ferovere hy de stins fan Janke Douwma en die mei oan harren streuptochten. Hy skynt troud west te hawwen mei Aijl Juckema, mar hat gjin bern neilitten.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |