Hollandia (Ankeveen)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Hollandia

De Hollandia is in poldermole by Ankeveen en bemealde de Hollânske Ankeveense polder.

Al yn 1538 wie der foar dy polder grif al in mole. De hjoeddeiske mole is yn 1640 boud, grif op it âlde steed fan de foargonger. Fia de Grevelânskefeart mealde hy út op de Fecht.

Yn de rin fan de jierren waard de polder hieltiten mear ferfeante en dêrtroch kaam der minder lân; fan de 382 ha wie yn de 19e iuw noch mar 81 ha oer.

Yn 1931 waard der njonken de mûne in elektrysk gemaal boud, oant 1937 bleau de mole behâlden as reservegemaal, mar yn 1937 waard de mole útsloopt foar in gruttere wente. Yn 1938 krige de flier al in horekabestimming, dy't de mole noch altiten hat.

De mole hat yn 2008 nije roeden krigen. De mole wurdt sa út en troch yn in oare stân setten, mar draait noait.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]