Heiligenberg (Leusden)
De Heiligenberg of Hohorst is in lângoed yn de gemeente Leusden, oan de Heiligenbergerbeek.
De sirka 12 meter hege heuvel op it lângoed is in deksânrêch dy't oan de ein fan de lêste iistiid, ûngefear 10.000 jiewr lyn, ûntstien is ûnder ynfloed fan de wyn. Om it jier 1000 stie de heuvel bekend as de Hohorst (hege horst, yn tsjinstelling mei de dêrneist lizzende Lockhorst of lege horst) en stichte de Utertske biskop Ansfried der nei alle gedachten boppe-op de heuvel it kleaster Hohorst. Hjirtroch krige de heuvel de namme Heiligenberg. Yn 1050 ferhuze it kleaster nei Utert en waard dêr de Paulusabdij. It klooster waard in Uthôf fan dizze abdij.
Om 1580 waard de Heiligenberg eigendom fan de Steaten fan Utert, wêrnei't it sûnt 1637 in bûtenpleats waard. De Heiligenberg waard ek brûkt as taflechtsoarde by oarstreamings dy’t yn de Midsiuwen faak barden as it wetter fan de Ryn de bandyk tusken Rhenen en Wageningen trochbruts en de hiele Gelderske Fallei oant Amersfoort splis kaam te stean. It lângoed feroare meardere kearen fan eigener. Yn 1929 waard de Heiligenberg ferkocht oan de famylje De Beaufort.
It hjoeddeiske goed hat in 19e iuwsk hûs en in park yn lânskipsstyl. Hûs en lângoed binne net tagonklik, it is yn gebrûk troch it IBO, in ynstitút foar Bedriuwskunde. It lângoed wurdt tsjintwurdich beheard troch stichting De Boom. De monumintale simmeriik flak oan de wei is mear as 180 Jier âld. Oan de oare kant fan de dyk stiet in achthoekige Dowetoer. Dizze waard om 1830 boud op in stik lân oan Het Zwanewater. Boppe de doar, op de hichte fan de dowegatten sit in klok. De bosk leit op de skiedsline fan de Utertske Heuvelrêch en de Iemfallei. Ten suden fan it gebou, rjochting de Lockhorsterbosk stiet it restaurearre koetshús.
Achter it gebou stiet theehûs en fruchtetún Den Heyligen Berg.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |