Springe nei ynhâld

Hofhâlding

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hof (adel))
De Siameeske ambassadeur Kosa Pan arrivearret oan it hof fan Loadewyk XIV fan Frankryk.

In hofhâlding of in hof is it gehiel fan persoanen (hôvelingen) wêrmei't in hege wrâldske of geastlike machthawwer him omjout. Dat kin sjoen wurde as in útwreide húshâlding dy't foarhinne faak út tûzenen persoanen bestean koe. Tsjintwurdich besteane yn monargyen noch altyd hofhâldings, hoewol't dy't yn ferliking mei de sitewaasje út it ferline no in sterk ferlytse en fersobere foarm hawwe. It is sels sa dat der no net mear in soad ferskil bestiet tusken de hofhâldings sa't dy yn monargyen foarkomme, en de presidinsjele stêf dy't yn in republyk deselde funksje ferfollet.

Histoaryske hofhâldings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Histoarysk bestiene hofhâldings yn it foarste plak út it gesin fan 'e machthawwer en oare famyljeleden, oanfolle mei tsjinstfolk (lykas lakeien), liifwachten, funksjonarissen lykas de hofpredikant en de hofgenêshear, en lju dy't foar fermaak soargen, lykas de hofnar, jongleurs, akrobaten en minstreels. Mar ek heger pleatste persoanen dy't gjin famylje fan 'e machthawwer wiene, waarden derta rekkene, lykas riedslju en hofdames en soms ministers en/of útlânske gesanten. Sokke heechpleatste personaazjes waarden hovelingen neamd, en ek wol oantsjut as it gefolch of de entoeraazje fan 'e machthawwer.

Yn Middeneastlike en oriïntaalske hofhâldings hearden ta de hofhâlding fan in hearsker yn it ferline ek faak de harem of ûnderskate konkubines en dêropta eunuchen dy't in ferskaat oan funksjes útoefenen. Soms wie dêrby de harem ôfskutte fan 'e rest fan 'e hofhâlding, mar yn Aazje wiene konkubines yn 'e regel in tige sichtber en ynfloedryk ûnderdiel fan it hof.

Funksjes binnen in hofhâlding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In pommerant dy't yn in hofhâlding in hege funksje beklaait, neamt men in hofdignitaris. De heechstpleatsten fan dy kategory binne de saneamde grutofsieren, lykas:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.