Hobbe fan Burmania
Appearance
Hobbe fan Burmania (doopt yn Ljouwert op 25 febrewaris 1705 - dêre, 12 febrewaris 1765) wie in grytman út it laach Fan Burmania.
Hobbe wie in soan fan Ulbe fan Burmania en Anna Maria fan Sminia. Hy wie grytman fan Ljouwerteradiel fan 23 july 1721 oant syn dea yn 1765.
Hy gie op 25 jannewaris 1732 yn Ljouwert yn ûndertrou en boaske dêr op 3 febrewaris 1732 yn de Jakobinertsjerke mei Helena Emerentia Lucia fan Unia. Sy wie doopt yn Ljouwert op 14 oktober 1712 en stoar op 21 april 1743 en waard te hôf brocht yn Huzum. Se wie in dochter fan Jelte fan Unia (ek: Julius) en Helena Maria fan Aylva.
Neiteam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bern fan Ulbe en Anna:
- Anna Maria fan Burmania (1733-1765)
- Helena Maria fan Burmania, berne yn Ljouwert op 8 maart 1734 en jong ferstoarn.
- Juliana Helena fan Burmania, berne yn Ljouwert op 26 juny 1735 en jong ferstoarn.
- Ulbe fan Burmania (Ljouwert, 15 septimber 1737 - Eanjum, 18 augustus 1816) grytman fan Ljouwerteradiel (1765-1795)
- Julius fan Burmania, jong ferstoarn
- Julius Hobbe Unia fan Burmania (Huzum, 6 septimber 1739 - Eanjum, 31 maart 1798), grytman fan Eastdongeradiel fan 1762-1795.
- Freark (Frederick) Hobbe fan Burmania (Huzum, 9 novimber 1740 - 26 septimber 1794), abbekaat
- Idzert fan Burmania, jong ferstoarn
- Helena Maria fan Burmania, jong ferstoarn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |