Springe nei ynhâld

Hippolyte Taine

Ut Wikipedy
Hippolyte Taine, foto Léon Bonnat

Hippolyte Adolphe Taine (Vouziers, 21 april 1828Parys, 5 maart 1893) wie in Frânsk filosoof, histoarikus, skriuwer en kritikus.

Taine waard berne yn in lekkenmakkersfamylje yn de Ardennen. Hy wie in poerbêste studint, mar krige syn diploma literatuer en filosofy net takend. Hy waard learaar, begûn te skriuwen foar foaroansteande blêden, folge fierder stúdzjes positive wittenskippen yn Parys en promovearre úteinlik dochs op fabelskriuwer Jean de La Fontaine. Yn 1866 waard er heechlearaar keunstskiednis oan de École nationale supérieure des beaux-arts en fan 1871 ôf oan de Universiteit fan Oxford. Fan 1878 ôf wie er ek lid fan de Académie Française.

Tegearre mei Ernest Renan wie Taine tige wichtich yn it geastlik klimaat fan Frankryk yn de twadde helte fan de 19e iuw (de Encyclopædia Britannica út 1911 stelt dat “de toan" fan it wurk fan Émile Zola en Guy de Maupassant direkt werom te fieren is op it wurk fan Taine). As wittenskiplik humanist hie er bewûndering foar de natuerwittenskippen en tegearre mei Pierre Janet wie er ien fan de promotors fan de natuerwittenskiplike psychology. Taine waard sterk beynfloede troch Auguste Comte en Herbert Spencer en bepleite strang deterministyske, positivistyske wittenskiplike wurkwizen. De neidruk waard lein op it eksperimint, ek yn de minskwittenskippen.

Dat positivistyske tinken paste Taine ek ta op de literatuerwittenskippen. Syn metoade bestie deryn de foarwearden te ûndersykjen dy't it foar in skriuwer mooglik meitsje in wurk ta stân te bringen (erflikens, miljeu, psychologyske tastân). Troch de literatuerwittenskippen te ûntdwaan fan estetyske en morele apsekten en teksten te ûndersykjen op basis fan wittenskiplike metoaden, ferrjochte Taine baanbrekkend wurk yn de literatuerskiednis, dy't him oant dan beheinde ta beoardielings en beskriuwings. Oan de ein fan de 19e iuw waard Taine syn lear troch in soad kritisy hikkele fanwegen syn dogmatisme, skriuwers lykas Anatole France en Charles Péguy namen it wer op foar it subjektivisme, mar yn de 20e iuw waarden syn opfettings wer yn eare wersteld fia it Russysk formalisme (Viktor Sjklovski, Roman Jakobson), dêr't it fierder út ûntwikkele waard, mei nije ynstruminten.

Taine skreau ek inkele literêre skôgings, reisoantekenings en brieven.

Hippolyte Taine, troch Félix Vallotton, 1897.
  • 1853 De personis Platonicis. Essai sur les fables de La Fontaine
  • 1854 Essai sur Tite-Live
  • 1855 Voyage aux eaux des Pyrénées
  • 1856 Les philosophes français du XIXe siècle
  • 1857 Essais de critique et d’histoire
  • 1860 La Fontaine et ses fables
  • 1864 Histoire de la littérature anglaise, 4 dielen.
  • 1864 L’idéalisme anglais, oer Carlyle.
  • 1864 Le positivisme anglais, oer Stuart Mill
  • 1865 Les écrivains anglais contemporains. Nouveaux essais de critique et d’histoire.
  • 1865 Philosophie de l’art
  • 1866 Philosophie de l’art en Italie. Voyage en Italie, 2 dielen.
  • 1867 Notes sur Paris. L’idéal dans l’art
  • 1868 Philosophie de l’art dans les Pays-Bas
  • 1869 Philosophie de l’art en Grècev
  • 1870 De l’intelligence, 2 dielen.
  • 1871 Du suffrage universel et de la manière de voter. Un séjour en France de 1792 à 1795.
  • 1875–1893 Les origines de la France contemporaine (I: L’ancien régime; II à IV: La Révolution; V en VI: Le Régime moderne)
  • 1894 Derniers essais de critique et d’histoire
  • 1897 Carnets de voyage: Notes sur la province 1863-1865

Literatuer en boarnen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]