Hiorthhamn

Ut Wikipedy
Advintfjord, plak fan Hiorthhamn

Hiorthhamn (earder ek Hiorth(h)avn) is in ferlitten delsetting oan de eastkant fan it Advintfjord (foar Longyearbyen oer) op it eilân Spitsbergen yn Svalbard, Noarwegen. It wie fan 1917 oant 1921 in kamp foar de mynarbeiders fan De Norske Kullfelter Spitsbergen. Ik plak wie ferneamd nei de direkteur fan it bedriuw, Fredrik Hiorth. Nei't yn 1929 Muskesoksen út Grienlân de krite ynbrocht waarden, krige it kamp yn 1938 de namme Moskushamn. Yn 2002 krige it plak syn oarspronklike namme werom.