Springe nei ynhâld

Hinzert

Ut Wikipedy
Ferwizingsboerd nei Hinzert (om 1942)
SS-offisieren bringe in besite oan it kamp
Monumint mei de nammen fan alle minsken dy't deadien waarden yn KZ Hinzert op it stee fan it eardere kamp

Hinzert (SS-Sonderlager Hinzert of Konzentrationslager/KZ Hinzert) wie in Dútsk konsintraasjekamp yn de dielsteat Rynlân-Palts, 30 km fan de grins mei Lúksemboarch.

It kamp lei op it Hochwaldplato en seach út op it Hunsrück-berchtme. It kamp Hinzert waard ferneamd nei it tichsteby lizzendd doarp, no Hinzert-Pölert hjitten. It plato leit op in hichte fan 550m, it waait der in soad, is fochtich en mistich en hat winterdeis lege temperatueren. Rûnom it kamp leine nullebosken dêr't it hout fan brûkt waard foar de bou fan it kamp.

Tusken 1939-1945 hawwe dêr ûngefear 13.600 politike finzenen tusken de 13 en 80 jier âld fêstsitten. In protte waarden nei in skoftke transortearre nei gruttere konsintraasjekampen. It kamp waard bestjoerd, yn it wurk holden en beweitst troch de SS, dy't neffens oerlibbenen fan Hinzert, wreed ferneamd wiene om har ûnminsklikens en minnens.

It kamp waard 1938 oprjochte as in opfangkamp foar boargerarbeiders dy't oan de Westwall en de ryksautobahnen arbeiden. Nei't it kamp yn augustus 1939 ôfbaarnd wie en yn oktober wer opboud waarden de earste wurkwegerers en politike tsjistanners fan it nazyrezjym ynbrocht op in weropfiedingsprogramma te ûndergean.

Doe't it kamp yn 1940 ûnder it foech fan de inspecteur fan de konsintraasjekampen kaam te fallen en de bewaking oernaam waard fan de SS waard it in SS-Sonderlager en faker brûkt as in saneamd transytkamp: finzenen waarden dêr tydlik ûnderbrocht om sa letter oerbrocht te wurden nei oare konsintraasjekampen, dêr't sy meast it libben ferlearen. In protte politike finzenen út België, Nederlân en Frankryk bedarren yn Hinzert, mar letter ek East-Jeropeanen, Sinti en Roma en Joaden.

De finzenen yn Hinzert waarden as twangarbeiders brûkt op buorkerijen en stiengatten yn de omkriten. De swiere arbeid, it minne iten en tramtearring troch de beweitsers wiene foar in protte fataal. Ek krinking wie oan 'e oarder fan de dei.

Fan 1941 ôf oan wiene der hieltyd mear likwidaasjes.

  • Hjerst 1941: 70 Russyske kriichsfinzenen waarden deadien mei in syaankaly-ynjeksje; sy kamen út it kamp Baurnholder en waarden begroeven yn de bosken.
  • Septimber 1942: 20 Lúksemboargers wurde deasketten út reden fan it meidwaan oan in algemiene staking.
  • 25 febrewaris 1944: 25 Lúksemboarchske fersetsstriders wurde fermoarde.

Op 21 novimber 1944 waard kamp Hinzert in bûtenkamp fan Buchenwald en waarden de finzenen flugger op transort set. By in loftoanval op 22 febrewaris 1945 waard it kamp foar in part ferwoastge. De nazy's setten ddddddêrnei út ein mei de ûntrûming fan it kamp, mar oant de befrijding yn maart 1945 bleau it kamp yn 't wurk.

It tal deaden fan it kamp wurdt rûsd op 320, hoewol't in grut tal slachtoffers nea weromfûn is. Yn 1950 waard it kamp hielendal sloopt. Yn letter jierren binne ferskate monuminten set dy't oan de kampjierren herinnerje.

Kampkommandanten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
fan-oant namme
1939-1942 Hermann Pister waard yn 1942 kommandant fan kamp Buchenwald
1942 Egon Zill waard ûnderkommandant fan kamp Natzweiler
1942-1944 Paul Sporrenberg
  • Fan Paul Sporrenberg wurdt sein dat er de wreedste fan de trije wie; ûnder syn bewâld waard der it meast moarde en eksekutearre.
  • Sûndenkapel (1948)
  • Tinkteken (1986), makke troch Lucien Wercollier, dy't sels yn it kamp sitten hat. "Durchdringen von menschlichkeit, Frieden und Gerechtigkeit"
  • Dokumintaasjesintrum