Himelfearttsjerke (Jaroslavl)
Himelfearttsjerke
Вознесенская церковь | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Ul. Uglich | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerke | |
boujier | 1682 | |
monumintale status | Monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 7610059000 |
De Tsjerke fan de Himelfeart fan de Hear (Russysk: Церковь Вознесения Господня) is in fiifkoepelige tsjerke yn Jaroslavl, Ruslân. Tichteby de tsjerke stiet noch in oare tsjerke: de Presintaasjetsjerke; de iennige tsjerke yn Jaroslavl dy't boud waard yn de styl fan de Elizabethaanske barok. Beide tsjerken hearre ta deselde parochy en waarden koartlyn restaurearre. De Himelfearttsjerke wie sa slim fernield, dat er foar in part rekonstruearre waard.
Oerlevering oer de oarsprong fan de Himelfearttsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De oarsprong fan de parochy wurdt yn it ferhaal oer de bou fan de houten Himelfearttsjerke yn de 17e iuw ferhelle. De hannel mei Ingelsen en Nederlanners brocht ûnder Ivan de Ferskriklike Jaroslavl in perioade fan wolstân. Hja libben frij en yn frede mei de ynwenners fan Jaroslavl en bouden in soad pakhûzen yn de stêd. Foar de eigen sielesoarch fregen de bûtenlanners oan de aartsbiskop fan Rostov tastimming om in protestanske tsjerke te bouwen yn Jaroslavl. De aartsbiskop joech dy tastimming, mar dan bûten de stêd yn de delsetting Kondakovo oan de wei rjochting Uglitsj. Doe't de rike Gryk Vasily Kondaka hjir fan hearde waard hy sa lilk, dat hy yn alle hasten sels in houten tsjerke ta eare fan de Himelfeart fan de Hear bouwe liet (1584). Letter waard by de Himelfearttsjerke de Presintaasjetsjerke boud.
Wichtige data yn de skiednis fan de bou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

- 1667: Twa houten tsjerken (in simmertsjerke en in wintertsjerke) baarnden ôf.
- 1668: De metropolyt Jona Sisojevitsj segenet de bou fan de nije tsjerke.
- 1677: De preester frege de metropolyt om de houten tsjerke te ferfangen troch in stiennen tsjerke.
- 1682: Yn de moanne maaie wurdt in nije fiifkoepelige Himelfearttsjerke ynwijd. It ûntwerp fan de nije tsjerke foldie de ynwenners fan Jaroslavl sa goed, dat deselde easken oan de bou fan de Fjodorovskytsjerke steld waarden, de tsjerke dy't yn de 20e iuw de katedraal waard fan it bisdom Rostov-Jaroslavl.
- 1706: De tsjerke krige tastimming om in kapel ta eare fan de hilligen fan Solovetsky yn te rjochtsjen.
- 1736: De tsjerke waard beskildere mei fresko's.
- 1810: Om winterdeis de fiering fan de betide liturgy mooglik te meitsjen waard yn de galerij fan de tsjerke in kapel ynrjochte ta eare fan "Us Leaffrou fan de Blydskip foar Allegear dy't drôvich binne".

Tusken 1689 en 1691 waard by de Himelfeartsjerke de stiennen Presintaasjetsjerke as simmertsjerke boud. Fan dy earste Presintaasjetsjerke bleau allinnich in part fan de refter bewarre. Yn de 18e iuw liet de sidefabrikant Gûrjev, dy't syn bedriuw tichteby de tsjerke hie en de tsjerke finansjeel in soad holp, in klokketoer bouwe, dêr't fiif klokken yn kamen te hingjen. Katarina II liet út wurdearring foar de ynspannings fan Gûrjev de tsjerke foarsjen fan nije barokke gevels. De dochter fan Gûrjev liet nei syn dea mei de bou fan in fergulde ikonostase de ynrjochting foltôgje. Yn 1825 waarden de fresko's fernijd.
Katarina's plan om Jaroslavl op 'e nij yn te rjochtsjen foarseach ek yn it plan om yn it gebiet fan de Himelfeart-parochy in bedriuwenkompleks op te setten. Fan dy plannen kaam lykwols net folle telâne en de bedriuwen krigen in oar plak. De Olovjanisjnikov-fabryk, dy't ek belangen hie yn de Himelfeart-parochy, liet foar de toer nij klokken jitte. Yn 1802 krige de toer in klok fan 200 pûn en yn 1848 noch ien fan 490 pûn.

De lêste iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tidens de opstân fan Jaroslavl yn 1918 tsjin de bolsjewiken hiene de beide parochytsjerken slim te lijen fan it geweld. De parochy liet de skea fuort neitiid ferhelpe.
Yn opdracht fan de ateïstyske autoriteiten waarden de tsjerken yn 1929 sletten. Fuort dêrnei waard de klokketoer ôfbrutsen en de koepels fan de beide tsjerken ferwidere. Noch yn de jierren 1990 waarden de misfoarme tsjerken brûkt troch in feriening fan de tram. De ûntholle Himelfearttsjerke waard brûkt as pakhûs en de Presintaasjetsjerke tsjinne as bibleteek en ferieningsgebou.
Yn it ramt fan de privatisearring fan it gebiet en de bou fan in winkelsintrum yn de rin nei it 1000-jierrich jubileum fan Jaroslavl (2010) waarden de beide tsjerken oan de Russysk-otterdokske Tsjerke werom jûn. Dêrnei begûn in restauraasje fan beide gebouwen.
Ofbylden fresko's Himelfearttsjerke (1736)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Вознесенско-Сретенский приход
|