Fjodorovskitsjerke (Jaroslavl)
Fjodorovskitsjerke
Фёдоровская церковь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Jaroslavl | |
plak | Jaroslavl | |
adres | Bolsjaja Federovskaja Ul. | |
koördinaten | 57° 36' N 39° 51' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1677-1687 | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 761410377240006 | |
Kaart | ||
De Fjodorovskitsjerke (Russysk: Фёдоровская церковь; de Tsjerke fan it Ikoan fan de Mem Gods) is in parochytsjerke yn de Russyske stêd Jaroslavl. Sûnt 1987 oant de konsekraasje fan 'e nije Untsliepeniskatedraal yn 2010 tsjinne de tsjerke as katedraal fan it bisdom Jaroslavl en Rostov. Tichteby de tsjerke steane de lytsere Nikolaas-Penskitsjerke en de resinte dooptsjerke fan Vladimir lyk oan 'e Apostels.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard tusken 1682 en 1687 mei help fan alle ynwenners fan Tolchkovo boud. Tolchkovo wie de rykste sloboda fan Jaroslavl. Yn dy delsetting wennen de learloaiers en harren produkten wiene oant oer de grinzen fan Ruslân bekend. In pear jier letter as de Fjodorovskitsjerke waard de lytsere wintertsjerke fan 'e hillige Nikolaas fan Penza boud, in minder hege tsjerke mei in lange refter en in klokketoer.
Yn 1705 krige de Fjodorovskajatsjerke in houten fergulde ikonostaze fan Vasili Komar and Stephan Voronoj in plak yn 'e tsjerke. De ikoanen foar de ikonostaze waarden troch Ilarion Sevastjanov en Gûry Nikitinb oanbrocht, yn dy tiid de bêste ikoaneskilders. In fearnsiuw nei de bou waard de tsjerke fan binnen beskildere. De skilders Fjodr Fedorov en Fjodr Ignatjev skilderen in masterwurk fan sân rigen fresko's oer û.o. de ferhearliking fan 'e Mem Gods, de skiednis fan it Fjodorovskaja-ikoan fan 'e Mem Gods en de militêre oerwinnings, dy't mei tank oan it ikoan behelle waarden.
Opfallend binne de ferhâldings tusken de hichte fan de tsjerke en de fiif koepels. De tsjerke is fjirtjin meter heech, wylst de sintrale sipel eksklusyf it krús oant wol twaëntweintich meter rikt. In soad omtinken by de bou fan de koepels gyng út nei de tamboeren, dy't ryk dekorearre binne.
Yn 'e Sovjet-perioade wiene de Fjodorovskajatsjerke en de Nikolaas-Penskitsjerke de iennige tsjerken fan 'e stêd dy't nea sletten waarden. Sadwaande bleaune net allinne de gebouwen, mar ek de ynterieurs en de ikonostazes bewarre. Nei't de Uspensky-katedraal sletten en sloopt waard, krige de Fjodorovskytsjerke de status fan katedraal. Dy status duorre oant de konsekraasje fan 'e nije katedraal yn 2010.[1]
Ofbylden ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Fresko's
-
Poarte nei de tsjerke
-
Keninklike doarren
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|