Fjodorovskitsjerke (Jaroslavl)

Ut Wikipedy
Fjodorovskitsjerke

Фёдоровская церковь

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Jaroslavl
plak Jaroslavl
koördinaten 56° 36' N 39° 51' E
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1677-1687
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7610080002

De Fjodorovskitsjerke (Russysk: Фёдоровская церковь; de Tsjerke fan it Ikoan fan de Mem Gods) is in parochytsjerke yn de Russyske stêd Jaroslavl. Sûnt 1987 oant de konsekraasje fan de nije Untsliepeniskatedraal yn 2010 tsjinne de tsjerke as katedraal fan it bisdom Jaroslavl en Rostov. Tichteby de tsjerke steane de lytsere Nikolaas-Penskitsjerke en de resinte dooptsjerke fan Vladimir lyk oan de Apostels.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard tusken 1682 en 1687 mei help fan alle ynwenners fan Tolchkovo boud. Tolchkovo wie de rykste sloboda fan Jaroslavl. Yn dy delsetting wennen de learloaiers en harren produkten wiene oant oer de grinzen fan Ruslân bekend. In pear jier letter as de Fjodorovskitsjerke waard de lytsere wintertsjerke fan de hillige Nikolaas fan Penza boud, in minder hege tsjerke mei in lange refter en in klokkentoer.

De beide tsjerken yn 1880

Yn 1705 krige de Fjodorovskajatsjerke in houten fergulde ikonostase fan Vasili Komar and Stephan Voronoj in plak yn de tsjerke. De ikoanen foar de ikonostase waarden troch Ilarion Sevastjanov en Gûry Nikitinb oanbrocht, yn dy tiid de bêste ikoaneskilders. In fearnsiuw nei de bou waard de tsjerke fan binnen beskildere. De skilders Fjodr Fedorov en Fjodr Ignatjev skilderen in masterwurk fan sân rigen fresko's oer û.o. de ferhearliking fan de Mem Gods, de skiednis fan it Fjodorovskaja-ikoan fan de Mem Gods en de militêre oerwinnings dy't mei tank oan it ikoan behelle waarden.

Opfallend binne de ferhâldings tusken de hichte fan de tsjerke en de fiif koepels. De tsjerke is fjirtjin meter heech, wylst de sintrale sipel eksklúsyf it krús oant wol twaentweintich meter rikt. In soad omtinken by de bou fan de koepels gyng út nei de tamboeren, dy't ryk dekorearre binne.

Yn de Sovjet-perioade wiene de Fjodorovskajatsjerke en de Nikolaas-Penskitsjerke de iennige tsjerken fan de stêd dy't nea sletten waarden. Sadwaande bleaune net allinne de gebouwen, mar ek de ynterieurs en de ikonostases bewarre. Nei't de Uspensky-katedraal sletten en sloopt waard, krige de Fjodorovskytsjerke de status fan katedraal. Dy status duorre oant de konsekraasje fan de nije katedraal yn 2010.[1]

Ofbylden ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: