Himelfeartkatedraal (Smolensk)

Ut Wikipedy
Himelfeartkatedraal

Успенский собор

bouwurk
Вид вечером.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of Smolensk Oblast.svg Smolensk
plak Flag of Smolensk (Smolensk oblast).png Smolensk
koördinaten 54° 47' N 32° 03' E
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1677-1772
boustyl Barok
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 681210004760006
offisjele webside
smoleparh.ru

De Katedraal fan de Himelfeart fan de Hillige Faam Marije (Russysk: Собо́р Успе́ния Пресвято́й Богоро́дицы) is de katedrale tsjerke fan it bisdom Smolensk fan de Russysk-otterdokske Tsjerke. De katedraal stiet op in heuvel yn it sintrum fan Smolensk en waard boud ta oantinken fan de heldhaftige ferdigening fan Smolensk yn de jierren 1609-1611 tsjin de Poalsk-Litouwske troepen op it plak fan in âldere katedraal út de 12e iuw.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarspronklike katedraal waard yn 1101 boud yn opdracht fan Vladimir Monomach. De oan de Hillige Jongfaam wijde katedraal wie it earste monumintale bouwurk fan Smolensk.

By de bestoarming fan Smolensk nei in belegering fan 20 moannen belegering troch de Poalsk-Litouske troepen, lieten de ferdigeners fan de stêd op 3 juny 1611 de krûdmagazinen ûnder de katedraalheuvel ontploffe. Dit hie fan gefolgen dat in part fan de katedraal ynstoarte en tal fan froulju en bern ûnder it pún begroeven waarden. Under Poalsk gesach waard de katedraal hersteld, mar nei de befrijing fan Smolensk waard it âlde gebou yn 1674-1675 sloopt en fan ôf 1677 úteinset mei nijbou. De bou fan de katadraal duorre 95 jier en waard yn 1772 foltôge. De fergulde barokke ikonostaze mei ryk houtsnijwurk is tritich meter heech en waard ûnder lieding fan S. Trûsitskim troch Ukraynske keunstners boud yn de jierren 1730-1740. De ikoanen binne fan deselde keunstners.

It wûnderdiedige Ikoan fan de Mem Gods fan Smolensk, yn 1912 fotografearre troch Sergej Michailovitsj Prokûdin

Doe't it Grande Armée fan Napoleon de stêd ynnaam, wie dy neffens de oerlevering sa ûnder de yndruk fan de katedraal, dat hy de soldaten op straffe fan de dea ferbea de katedraal te plonderjen.

Oant de jierren 1930 bewarre de katedraal it orizjinele Ikoan fan de Mem Gods fan Smolensk, dat troch prins Vladimir Monomach oan it ein fan de 11e iuw nei de stêd brocht wie. It ikoan dat yn de tradysje fan de otterdoksy de bewenners fan Smolensk sa faak tidens ynvaazjes holpen hie, waard yn 1812 mei nei Moskou nommen en flak foar de Slach by Borodino yn in prosesje troch it Kremlyn droegen. It ikoan is tidens de Twadde Wrâldkriich sûnder in spoar efter te litten ferdwûn. Oare reliken fan de katedraal binne de 13e iuwske sandalen fan Mercurius fan Smolensk. It kleed mei in foarstelling fan de grêflizzing fan Kristus fan ferskillende kleuren side mei goud- en sulvertried waard yn 1560 makke troch prinses Jefrosinija Staritskaja, de muoike fan Ivan de Ferskriklike dy't ta it kleaster feroardield waard.

Yn de jierren 2008-2009 krige it eksterieur fan de katedraal tidens in renovaasje de oarspronklike kleurstelling werom.[1][2][3]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: