Hibbemastate

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Hibbemastate stie súdwestlik fan de tsjerke fan Hantumhuzen yn de gemeente Dongeradiel. Fan it hûs is neat werom te finen, it terrein is no greide.

De stins sil yn de 14e iuw ûntstien wêze. Der lei eartiids in stinswier njonken. De âldste omskriuwing, út 1470, is Hibbema statha ende landt met heem, terp ende steeden. Yn 1470 slueten Dowa her Siuckisma (út Waaksens) en Remren Tadama in oerienkomst, wêrby't de earste Hibbema krige en de twadde Onnama statha yn Wânswert. Op grûn fan de nammen fan de soenlju en tsjûgen (ûndermear út Holwert, Foudgum en Brantgum) is it oannimlik dat it om Hibbema op De Lytse hjouwer giet.(Der waard ek rekken mei hâlden dat Gialt Elenga (sjoch Elingastate te Hantumhuzen) oanspraken op Hibbema jilde litte soe.)
Yn 1511 pachte Dowa Hebbama it goed fan Garck en Rentie Syuxma, rjochtsopfolgers fan Dowa her Siuckisma, en fan fiif oare eigners. (sjoch foar Rentie Syuxma ek: Sjuxmastate te Waaksens) Yn 1640 wie Hibbema eigendom fan de eigenierde boer Wybe Pieters dy't it goed sels brûkte. (Hy waard stamfaar fan de family Hibma, ûndermear te Achlum). [1] Yn 1698 is it mienskiplik eigendom fan widdo Riemke Wybes (1/2), Jacob Pyters (1/8), Ofke Fransen út namme fan syn frou (1/8), de fiif bern fan Wybe Pieters (1/8) en Gerben Pyters te Stiens (1/8). Riemke Wybes wie widdo fan bysitter (wethâlder) Epo Hania. Meinte Eelses is dan de brûker fan de pleats mei 65 pûnsmiet lân. It stimkohier fan 1728 fermeldet as eigeners “Æsge Hendrix erven” en “Gerben Pyters, in kwaliteit” dus (ek) foar oaren optredend. Yn it kadaster fan 1832 stiet de widdo fan Cornelis Jacobs Kuipers as eigenaresse neamd.

Hibbema leit besúdwesten de doarpsterp. De lizzing fan it hûs en it lân wiist op in nauwe bân mei de tsjerke. Yn de Nije Tiid wie Hibbema in gewoane pleats. Op it perseel benoarden it hiem waard yn 1718 en 1850 in stinswier oanjûn.

Eigeners/bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1470 Dowa her Siuckisma
  • Garck en Rentie Syuxma, brûker Dowa Hebbama
  • 1640 Wybe Pieters
  • 1698 Riemke Wybes (1/2), Jacob Pyters (1/8), Ofke Fransen út namme fan syn frou (1/8), bern fan Wybe Pieters (1/8) en Gerben Pyters (1/8).
  • 1728 Æsge Hendrix erven en Gerben Pyters (yn kwaliteit)
  • 1832 widdo fan Cornelis Jacobs Kuipers

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. P.L.G. van der Meer, Opkomst en ûndergong fan in boerebedriuw ûnder Achlum. De famylje Hibma, 1697-1824 (Leeuwarden 2001) 11, 34)
  • Stinzen yn Fryslân
  • P.N.Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen
  • Hisgis