Heyweiler
Heyweiler
Ortsgemeinde Beltheim | ||
Protestantske tsjerke | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Rhein-Hunsrück-Kreis | |
ferbânsgemeente | Kastellaun | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 208 (2011) | |
Hichte | 370 meter boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 56290 | |
Koördinaten | 50° 7' N 7° 27' E | |
Offisjele webside | ||
www.beltheim.de-heyweiler | ||
Kaart | ||
Heyweiler is in doarp dat sintraal op 'e Hunsrück yn 'e ferbânsgemeente Kastellaun fan 'e Rhein-Hunsrück-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts leit. It doarp leit súd fan 'e Baybach en noardlik fan Beltheim yn it beskerme lânskip Moselgebiet von Schweich bis Koblenz.
Oant 17 maart 1974 wie Heyweiler in selstannige gemeente. Sûnt makket Heyweiler diel út fan 'e Ortsgemeinde Beltheim.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1557 waard de kalvinistyske reformaasje ynfierd, mar it skaai Walpott, dat it dêr foar it sizzen hie, bleau katolike en dat fersoarsake in grutte religieuze striid yn 'e krite.
Healwei de 18e iuw krige Heyweiler in eigen tsjerke, dy't yn 1914 troch in nije tsjerke ferfongen waard. Ek hjoed-de-dei foarmet it doarp noch in protestantske enklave yn in katolike omjouwing.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tradisjoneel is Heyweiler in agrarysk doarp. Eartiids wurke elkenien yn 'e lânbou, mar hjoed-de-dei binne der noch mar in pear buorkerijen. Ek it toerisme, dat yn 'e jierren 1970 opgong makke, is hjoed-de-dei ôfnommen, sadat ek it hotel syn doarren slute moast.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Heyweiler fan Wikimedia Commons. |