Hesel (Samtgemeinde)
Samtgemeinde Hesel is in bestjoerlike gearwurking yn it distrikt Leer yn de dielsteat Nedersaksen, Dútslân. De Samtgemeinde bestiet út sân lytse gemeenten: Brinkum, Firrel, Hesel, Holtland, Neukamperfehn, Schwerinsdorf, en Stallbrüggerfeld. Hesel is it sintrum en de nammejouwer fan de Samtgemeinde.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iere skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De regio fan Hesel hat in rike skiednis dy't werom giet nei de prehistoaryske tiid. Archeologyske fynsten litte sjen dat der al tûzenen jierren lyn minsken yn it gebiet wennen. Stienark, grêfheuvels en in sinne-observatoarium binne fûn yn de omjouwing.
Kleaster Barthe
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de midsiuwen ûntwikkele Hesel him ta in religieus sintrum yn Eastfryslân. De regio waard bestjoerd troch frije boeregemeenten. Yn de tiid fan 'e Fryske frijheid waarden in protte tsjerken en kleasters boud, wêrûnder it kleaster Barthe fan 'e Johanniteroarder. De 16e iuw brocht grutte feroarings troch de Reformaasje. De measte Eastfriezen waarden protestantsk en it kleaster barthe waard troch it Greefskip Eastfryslân ta-eigene.
Moderne tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de twadde helte fan de 20e iuw en it begjin fan de 21e iuw hat Hesel in perioade fan groei en modernisearring meimakke. De Bundesstraße 72 waard yn de 1960er boud en neist de agraryske sektor groeide ek de detailhannel.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Samtgemeinde Hesel leit yn it noardwesten fan Dútslân yn it distrikt Leer. It gebiet is karakterisearre troch in flak lânskip mei in miks fan agrarysk lân, bosken en feangebieten. It gebiet wurdt trochsnien troch ferskate wiken (feankanalen) en rivieren, dy't wichtich binne foar ôfwettering (en eartiids foar frachtferkear oer wetter).
Ekonomy en ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan Hesel wurdt foaral dominearre troch de agraryske sektor, sawol lânbou as feehâlderijen. Yn Holtland stiet in lytse suvelfabryk. Neist de agraryske sektor binne der ek lytsskalige yndustryen en tsjinsten. Sa leit der oan de súdkant fan Hesel in yndustryterrein.
Hesel hat in goed ûntwikkele ynfrastruktuer mei in netwurk fan diken, busferfier en fytspaden. Yn it suden fan de gemeente leit de A28 en dwers troch de gemeente hinne rint fan noard nei súd de Bundesstraße 72, dy't de A28 mei Auwerk ferbynt. Der binne direkte buslinen nei Auwerk en Leer, dy't regelmjittich ride.