Hervo

Ut Wikipedy

Hervo is in histoarysk merk fan bromfytsen. De namme is in ôfkoarting fan Herbert van Oorschot.

Dit Nederlânske merk hat in frijwat yngewikkelde skiednis. Om 1960 hinne begûnen Germaan yn Meppel, Fongers yn Grins en Phoenix yn Ljouwert mei de ferkeap fan brommers. De bromfytsen waarden by Phoenix boud.

Mar behalven ûnder harren eigen merknamme ferkochten se de brommers ek oan tredden. Dêrtroch koe Herbert van Oorschot út Rotterdam se ûnder syn eigen merknamme (Hervo) leverje. Hy ferkocht sawat 700 bromfytsen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Het Motorrijwiel 1998 nr. 31