Springe nei ynhâld

Germaan (fyts)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Germaan (motorfyts))
Adfertinsje fan Germaan

Germaan wie in Nederlânsk fytsmerk, boud fan de NV Rijwielindustrie F. & J. v. Werven út Meppel. It fabryk stie oan de Parallelweg; op dat plak stiet no in appartemintekompleks.

Germaan makke fan 1935 ôf motorfytsen en fytsen mei helpmotor mei Villiers-, ILO- en Sachs-twatakt-motoren fan 49- oant 248 cc.

1949 ferskynde in model mei in Csepel-motor, feitlik in Csepel dy't troch Germaan ynfierd waard en as "Germaan Olympia" ferkocht waard. Jin wekten de yndruk dat de masine yn Meppel boud wie, mar dat pakte ferkeard út. De Csepels wienen nammentlik tige min fan kwaliteit en doe't Germaan yn 1951 sels wer motorfytsen meitsje soe hienen de keapers der gjin betrouwen mear yn. De lêste masines waarden trochferkocht oan Henk Borkhuis yn Grins dy't se ûnder de nammen Arley en Vidson ferkocht. Sadwaande koe er tanklogo's meitsje troch Harley-Davidson stickers te ferknippen.

Healweis de jierren fyftich stoppe Germaan mei de motorfytsproduksje. Fytsen en bromfytsen waarden makke oant 1966; doe gie it merk op yn de Phoenix-Fongers-Germaan kombinaasje. Yn 1970 waard it opkocht troch Batavus.