Sachs Bikes

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Sachs)
Jump to navigation Jump to search
Sachs 98 cc twataktmotor út 1936
De Sachs MadAss 125 waard yn 2003 introdusearre

Sachs is in Dútsk bedriuw dat tsjintwurdich motorfytsen en ynboumotors makket.

Sachs: Fichtel & Sachs AG, Schweinfurt (1930-no).

It bedriuw waard oprjochte troch Ernst Sachs en Karl Fichtel yn 1895. Der waarden fytsnaven en kûgellagers makke oan it kûgellagerfabryk yn de resesjejierren ferkocht wurde moast (dit waard SKF).

Yn 1929 ûntstienen der plannen om twataktmotors yn ferskate foarmaten te produsearjen. De earste - 74 cc - motor waard yn 1930 presintearre. Inkele jierrren letter (1932) folge in 98 cc útfiering (de M32) en in 1937 ferskynde de 60 cc "Saxonette" fytshelpmotor. Dit is de mem fan de hjoeddeiske Spartamet.

Yn de jierren nei de Twadde Wrâldoarloch bleau Sachs lichte motors produsearjen, foar motorfytsen mar ek oare doeleinen (stasjonêr motors foar lânbou, motors foar gersmeanders, snowmobiles en keatlingseagen). Se waarden troch ferskate oare fabrikanten ynboud. De haadaktiviteit fan it fabryk wie dit lykwols net. Men makke noch altyd kûgellagers, fyts- en motorfytsnaven, fersnellingsbakken, keppelingen en fearsystemen.

Yn de jierren sechtich naam it memmebedriuw Fichtel & Sachs o.a. it merk Hercules oer. Sûnt de jierren ‘70 waarden ferskillende Hercules- en DKW- modellen ek ûnder de merknamme Sachs útbrocht. Sûnt 1996 ûntwikkelt en bout Sachs gjin eigen motorfytsblokken mear.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Keppeling om utens