Springe nei ynhâld

Fongers

Ut Wikipedy
Adfertinsje fan Fongers út 1898 (ûntwerp J.G. van Caspel)

Fongers is in âld Nederlânsk merk fan fytsen, bromfytsen en motorfytsen.

Fongers siet oan de Hereweg yn Grins. It bedriuw wie pionier yn de ûntjouwing fan de klassike Nederlânske toerfyts. De fytsen wienen deugdlik en tige elegant. Fongers lei him fam 1884 ôf ta op de fabrikaazje fan heechweardige fytsen, dy't grif yn de jierren oant 1910 allinne troch begoedige lju betelle wurde koene. Fongers syn produkten hienen in grut tal spesifike details.

Op 1 oktober 1884 sette smid Albert Fongers út Warffum út ein mei it meitsjen fan fytsen yn syn smidterij oan it Nieuwe Kerkhof yn Grins. Yn 1897 soe it Fongers-fytsefabryk oan de Hereweg yn gebrûk naam wurde. Nei it ferstjerren fan Albert Fongers waard soan Ties yn 1921 foarsitter fan de direksje. Ties stoar yn 1944.

Yn de jierren nei de oarloch hold Fongers fêst oan âlde produksjemetoaden wat úteinlik laat hat ta de ûndergong fan it bedriuw. Teffens die de kwaliteit fan syn produkt der sines ek ta. Yn 1961 waard Fongers oernaam troch de Ljouwerter fabrikant 'Phoenix'. Yn 1963 kaam it Meppeler bedriuw Germaan ek by de kombinaasje; fan dat stuit ôf hjitte it bedriuw PFG (Phoenix/Fongers/Germaan). Ek dy kombinaasje soe it net rêde, nettsjinsteande de ûntjouwing fan in protte nije fytsmodellen, en waard yn 1970 oernaam troch 'Batavus'. Ein 1970 wie it dien mei it meitsjen fan fytsen yn Grins.

By it fabryk yn Grins wie ek in fytsskoalle. Dy skoalle hat oant 1940 tsjinne en wie 1933 it toaniel fan in ynternasjonale keunstútstalling by gelegenheid fan it 15-jierrich bestean fan De Ploeg. It haadgebou oan de Hereweg is ûntwurpen yn de Neorenêssânsestyl en is karakteristyk foar it tiidrek dêr't it yn boud is (1896). 1985 is it fabrykskompleks foar it grutste part ôfbrutsen, mar de monumintale foargevel is restaurearre. It is no in kantoargebou fan sa'n 3.600 kantemeter. Efter it kantoarekompleks is in nij wenwykje boud dat de namme Fongersstede krigen hat.

Fongers die in soad oan reklame. De posters fan F.G. Schlette mei militêre fytsers binne ferneamd wurden.

Op it heden wolle leafhawwers fan âlde fytsen it Fongers-produkt graach hawwe. Der bestiet in drokke hannel yn âlde Fongers-fytsen en -parafernalia.