Springe nei ynhâld

Herta Müller

Ut Wikipedy
Herta Müller (2019), Praach
Müller yn septimber 2009

Herta Müller (Niţchidorf , 17 augustus 1953) is in Dútsk skriuwster fan Roemeensk komôf. Har wurk wurdt yn Dútslân rekkene ta de wrâldliteratuer. Yn oktober 2009 krige hja de Nobelpriis foar de Literatuer.

Herta Müller waard berne yn Niţchidorf, Timiş, as dochter fan Swabyske boeren. Har famylje hearde by de Dútske minderheid yn Roemeenje; har heit tsjinne by de Waffen SS en har mem waard deportearre nei in wurkkamp yn de Sovjetuny nei de Twadde Wrâldkriich.[1] Har pake wie in begoedige boer en keapman. Se studearre Dútske Stúdzjes en Roemeenske literatuer oan de Timişoara Universiteit.

Müller gie oan 't wurk as oersetter foar in yngenieursbedriuw yn 1976, mar krige dien yn 1979 om't hja net wurkje woe foar de Securitate, de geheime tsjinst fan kommunistysk Roemeenje. Sy kaam troch de tiid troch les te jaan, priveeles Dútsk en as juffer oan in bernedeiferbliuw. Har earste boek waard yn Roemeenje publissearre yn 1982, mar wol yn in sensuerearre ferzje, lykas in soad boeken yn dy tiid.

Müller ferfarde nei West-Dútslân mei har man, de romanskriuwer Richard Wagner, yn 1987, om't de kommunisten har op de hûd sieten. Yn de jierren dêrnei waard sy lektor oan ferskate universiteiten yn Dútslân en dêr bûten. Op 't heden (2009) wennet hja yn Berlyn. Müller waard lid fan Deutsche Akademie für Sprache und Dichtung yn 1995, en hat noch in soad oare funksjes.

De Nobel Stifting joech de Nobelpriis foar Literatuer 2009 oan Müller who, with the concentration of poetry and the frankness of prose, depicts the landscape of the dispossessed.

  • Niederungen, Boekarest 1982
  • Drückender Tango, Boekarest 1984
  • Der Mensch ist ein großer Fasan auf der Welt Berlijn 1986 (L'homme est un grand faisan sur terre, Maren Sell, Parys 1988) ,
  • Barfüßiger Februar, Berlyn 1987
  • Reisende auf einem Bein, Berlyn 1989
  • Wie Wahrnehmung sich erfindet, Paderborn 1990
  • Der Teufel sitzt im Spiegel, Berlyn 1991
  • Der Fuchs war damals schon der Jäger, Reinbek bei Hamburch 1992 (Le renard était déjà le chasseur, Seuil, Parys 1997 )
  • Eine warme Kartoffel ist ein warmes Bett, Hamburch 1992
  • Der Wächter nimmt seinen Kamm, Reinbek bei Hamburch 1993
  • Angekommen wie nicht da, Lichtenfels 1994
  • Herztier, Reinbek bei Hamburch 1994
  • Hunger und Seide, Reinbek bei Hamburch 1995
  • In der Falle, Göttingen 1996
  • Heute wär ich mir lieber nicht begegnet, Reinbek bei Hamburch 1997
  • Der fremde Blick oder Das Leben ist ein Furz in der Laterne, Göttingen 1999
  • Im Haarknoten wohnt eine Dame, Reinbek bei Hamburch 2000
  • Heimat ist das, was gesprochen wird, Blieskastel 2001
  • Der König verneigt sich und tötet, München [u. a.] 2003
  • Die blassen Herren mit den Mokkatassen, München [u. a.] 2005
  • Este sau nu este Ion, Iaşi 2005
  • Atemschaukel, München [u. a.] 2009
  • Cristina und ihre Attrappe oder Was (nicht) in den Akten der Securitate steht. Göttingen 2009, ISBN 978-3-8353-0628-8.
  • Immer derselbe Schnee und immer derselbe Onkel. Hanser, München u. a. 2011, ISBN 978-3-446-23564-9 en Fischer Taschenbuch, Frankfurt am Main, 2013, ISBN 978-3-596-19392-9.

Yn it Nederlânsk oerset wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Barrevoets in februari, De Geus, 1987
  • De mens is een grote fazant, De Geus, 1988
  • Reizigster op één been, De Geus, 1989
  • De vos was de jager, De Geus, 1993
  • Hartedier (Aristeionpriis foar Jeropeeske Literatuer en de Irish Book Award), De Geus, 1996.
  • Vandaag was ik mezelf liever niet tegengekomen, De Geus, 1999
  • Ademschommel, fert. Ria van Hengel, De Geus, 2009
  • De koning buigt, de koning moordt, essays, fert. Ria van Hengel, De Geus, 2010
  • De rokkenjager en diens bijdehante tante, gedichten, fert. Ria van Hengel, De Geus, 2011
  • Lage streken, fert. Ria van Hengel, De Geus, 2012
  • Die Nacht ist aus Tinte gemacht. Herta Müller erzählt ihre Kindheit im Banat, supposé 2009

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Mueller wins Nobel literary prize. BBC News. 8 October 2009.