Springe nei ynhâld

Herfoarme tsjerke fan Nes (It Amelân)

Ut Wikipedy
Herfoarme tsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente It Amelân
plak Nes
adres Tsjerkeplein 1, Nes
koördinaten 53° 26' 45" N 5° 46' 22" E
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1824
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 7606
offisjele webside
Herfoarme gemeente, It Amelân
kaart
Herfoarme tsjerke fan Nes (Nes)
Herfoarme tsjerke fan Nes

De Herfoarme tsjerke yn Nes is ien fan de trije tsjerken fan de herfoarme PKN-gemeente fan It Amelân.

De tsjerke fan Nes stie oarspronklik tusken Nes en Bueren op it plak fan it tsjerkhôf. It wie yn de katolike tiid in oan Jehannes de Doper wijde tsjerke, dy't yn de jierren 1730 ynstoartte en doe ôfbrutsen is.

Op it plak fan de hjoeddeiske tsjerke oan it Tsjerkeplein waard yn 1734 in nije tsjerke boud. Mei grutte wissichheid wurdt der fan út gien dat fan dy tsjerke de westlike muorre oerbleaun is. Yn 1824 waard in nije tsjerke boud mei in noardlik en súdlik portaal, dy't elk twa doarren hiene. Fanwegen it sigen ferfoel yn 1913 it noardlike portaal en krige it súdlike portaal ien doar. Ek folge der doe in nije yndieling fan de ynrjochting.

Ynrjochting

De ynrjochting datearret foar in grut part út de 19e iuw en it begjin fan de 20e iuw. Alder binne de koperen kroanluchters (1723) en de kânselbibel (1729) en it Nachtmielsreau. De preekstoel datearret út de earste helte fan de 19e iuw en stiet sûnt de ferbouwing yn 1913 oan de noardlike muorre.

Boppe de bankenblokken foar de âlderlingen en diakenen binne yn de jierren 1950 troch Jan Murk de Vries muorreskilderings oanbrocht. Lofts wurdt de profeet Elía iten brocht troch raven (1 Keningen 17, 1–16) en rjochts is in foarstelling fan de Wûndere Fiskfangst (Lukas 5: 1-11).

It oargel waard boud troch L. van Dam út Ljouwert. It front datearret fan 1868, it ynstrumint út 1888.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: