Herfoarme tsjerke (Nijefean)

Ut Wikipedy
Herfoarme tsjerke

Herformde kerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Nijefean
adres Doarpsstrjitte 58
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1477
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 30959 [1]
offisjele webside
Side herfoarme gemeente

De Herfoarme tsjerke oan de Doarpsstrjitte is in goatysk tsjerkegebou yn Nijefean (Nijeveen) yn de provinsje Drinte.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1477 waard Nijefean in selsstannige parochy en losmakke fan de parochy Havelte. De tsjerke waard dus noch yn de katolike tiid boud en wijd oan Sint-Barbara.

De kape wurdt droegen troch byntwurk. Yn 1627 fûn der in ferbouwing plak en doe binne nei alle gedachten de houten sydmuorren fan it tsjerkeskip troch stiennen muorren ferfongen. De sydmuorren waarden yn de 19e iuw ferhege, wêrby't ek de kape feroare waard. By de restauraasje fan de tsjerke yn de jierren 1976-1977 waarden de 19e iuwske feroarings werom draaid.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

De preekstoel stiet oan de meast eastlike muorre fan it koer en datearret fan 1744. Yn it koer stiet in offertafel út de katolike tiid. Oer de flier leit dêr in sark út 1506 mei in tsjelk en hosty, itjinge wiist op it grêf fan ien fan de earste preesters fan de tsjerke. De nachtmielstafel datearret fan 1631.

Yn it tuorke hinget in liedklok dy't getten waard yn 1947. De klok ferfong âldere klokken út 1613 en 1849.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 1846 troch Schulting en Maarschalkerweerd út Utert foar in partikulier boud. It stie letter yn de herfoarme tsjerke fan Zierikzee en sûnt 1887 yn de kristlik-grifformearde tsjerke fan Meppel. De herfoarme gemeente fan Nijefean kocht it oargel yn 1897 oan en Jan Proper boude it yn de tsjerke op. De oargelgalerij datearret fan 1955. By de rekonstruksje fan it oargel yn 1978 krige it ynstrumint de hjoeddeiske oargelkas.[2]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: