Springe nei ynhâld

Herfoarme tsjerke (Grypskerk)

Ut Wikipedy
Herfoarme tsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Westerkertier
plak Grypskerk
adres Kerkplein 11
koördinaten 53° 15' N 6° 18' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Side tsjerklike gemeente
patroanhillige Antonius-Abt[1]
Arsjitektuer
boujier 1612
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 18789
Kaart
Herfoarme tsjerke (Grinslân)
Herfoarme tsjerke

De Herfoarme tsjerke yn Grypskerk is in tsjerkegebou, dat yn 2019 oerdroegen waard oan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.

Om it jier 1500 hinne stifte Nikolaas Grijp in kapel, dy't in jier as wat letter troch in tsjerke ferfongen waard. It tsjerkegebou waard yn 'e Tachtichjierrige Kriich yn 1582 ferneatige troch plonderjende troepen.

Oargel.

Tusken 1605 en 1612 fûn de weropbou, mar no as protestantske tsjerke, plak. Yn 1856 waard de tsjerke nei it easten ta langer makke en ôfsletten mei de hjoeddeiske tagong. Ek waard om dy snuorje de tsjerke bepleistere.

Om 'e tsjerke hinne lei eartiids in grêft, mar fanwegen it oanlizzen fan de Grinzer strjitwei troch it doarp nei Fryslân yn 1845 moast de grêft dimpt wurde.

Yn 1872 wie de spits op de tsjerke sa brekfallich woarn, dat sloop needsaaklik wie. It tuorke waard oant 2001 mei in koepel ôfsletten, doe't oan de hân fan in tekening en it foarbyld fan de tsjerkespits fan Nijehove in nije spits rekonstruearre waard. De dakruter hat as wynwizer in oan it wapen fan Nikolaas Grijp ûntliende griffioen. De 18e-iuwske klok yn it tuorke waard yn 1943 foardere en is yn 1949 ferfongen.

De tsjerke hat in stúke tonferwulft. Fan it âlde tsjerkemeubilêr is allinne de preekstoel út de boutiid fan 'e tsjerke bewarre bleaun. De âlde banken binnen ferdwûn en ferfongen troch moderne banken en stuollen. Yn 'e flier binne noch in tal sarken oanwêzich.

It oargel fan 'e tsjerke waard boud troch de bruorren Luitjen Jacob en Jacob van Dam en yn 1832 oplevere. De bou waard mooglik troch in legaat fan 3.300 gûne fan 'e juffer Aaltje Thomas Wiersma. Nei in brân restaurearre Petrus van Oeckelen it oargel en joech dêrby it oargel de klank, dy't karakteristyk is fan Van Oeckelen. Klaas Doornbos brocht yn 1927 feroarings oan it ynstrumint oan en nei de restauraasje fan de tsjerke wurke Mense Ruiter oan it oargel. It twamanualige ynstrumint waard yn 'e jierren 2008-2010 foar it lêst restaurearre troch oargelmakkerij Reil út Heerde. Dêrby bleaune de lettere feroarings hanthavene.[2][3]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: