Herfoarme tsjerke (Easterwierrum)
| Herfoarme tsjerke fan Easterwierrum | ||
| Lokaasje | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| plak | ||
| adres | Fûgelsangleane 9 | |
| koördinaten | 53°06'N 5°43'E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| ôfstjitten | bûten gebrûk ferkocht yn 2010 | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | H. Gros, Raerd | |
| boujier | 1895 (toer 1911) | |
| Webside | ||
| PKN-gemeente De Slachsang | ||
| Kaart | ||
De Herfoarme tsjerke oan 'e Fûgelsangleane wie de tsjerke fan 'e herfoarme gemeente fan Easterwierrum. Nei it sluten fan 'e tsjerke foar de earetsjinst yn 2010 is it gebou ferkocht, ferboud ta in fekânsjewente en sadanich oanpast dat it gebou ek geskikt is foar minsken mei in beheining.[1] De protestantske ynwenners fan Easterwierrum tsjerkje no yn ien fan 'e oare tsjerken fan 'e PKN-gemeente De Slachsang.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Mei't it doarp mear ferskode nei de Easterwierrumer âldfeart en in komdoarp waard, rekke de midsiuwske tsjerke stadichoan fierder isolearre fan it doarp. Oan it begjin fan 'e 20e iuw waard der foar keazen in nije tsjerke yn it doarp oan 'e Aldfeart te bouwen. De midsiuwske tsjerke waard nij de foltôging fan 'e nije tsjerke ôfbrutsen.
Yn it midden fan it frijsinnige Baarderadiel waard yn 'e herfoarme tsjerke jierrenlang rjochtsinnich preke. Dat hie fan gefolgen dat sneins ek minsken út oare doarpen nei Easterwierrum kamen foar de preek.
De lêste jierren waard der lang net mear alle sneinen in tsjinst holden. Op 12 maart 2010 fûn der foar it lêst in tsjerketsjinst plak.
Nei de ûntwijing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de ûntwijing as tsjerke kaam der efter it noardeastlike diel fan it gebou in moderne oanbou en binne der yn it koer finsters ynbrocht. Yn 'e oarspronklike tsjerkeseal is der fierder de seal yn in wand ynbrocht. It tonferwulft bleau yntakt. Fan 'e ynrjochting krigen de 18e iuwske preekstoel en de hearebanken, dy't noch út de midsiuwske tsjerke stamme, wer in plak yn it gebou. Ek it ienmanualige oargel fan Bakker & Timmenga út 1897 bleau op de noch oanwêzige kreake stean.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
