Herfoarme tsjerke (De Gordyk)

Ut Wikipedy
Herfoarme tsjerke
bouwurk
De tsjerke yn 1959
De tsjerke yn 1959
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Opsterlân
plak De Gerdyk
adres Tsjerkewâl 9
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1683
sloopjier 1985
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31848
offisjele webside
Side PKN De Gerdyk
Muorre mei de gevelstiennen

De Herfoarme tsjerke wie it tsjerkegebou fan de herfoarme gemeente oan de Tsjerkewâl op 'e Gerdyk.

Hearebank en oargel

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste stien foar de tsjerke waard op 24 maaie 1683 lein. Yn 1735 en 1877 fûn der in útwreiding en ferbouwing plak. Om't de in restauraasje fan de brekfallige tsjerke te djoer útfoel foar de tsjerklike gemeente moast de gemeente yn de twadde helte fan de jierren 1960 ûnderdak sykje yn in needtsjerke. Besletten waard om tegearre mei de grifformearden in nije tsjerke te bouwen, dy't foltôge wie yn 1972. Nei't de âlde herfoarme tsjerke net mear foar de earetsjint brûkt waard hat it gebou noch in skoftke tsjinne foar de opslach fan meubilêr.

Stadichoan ferdwûn it tsjerkemeubilêr. Al by de ûntromming ferdwûnen in barokke hearebank en it doopstek. De monumintale preekstoel waard krekt foar de sloop fan de tsjerke ferwidere en krige nei in skoft opslach by de Stifting Alde Fryske Tsjerken in nij plak yn de Pitertsjerke fan Grou. Unbekend is ek wêr't de lessener foar de kânselbibel yn de foarm fan in earn bedarre is. De liedklok hinget tsjintwurdich yn de toer fan de Moetingstsjerke.

It Van Dam-oargel út 1867 (mei âlder piipmaterjaal) waard yn 1967 ferkocht oan de herfoarme tsjerke fan Kinderdijk, dêr't it noch jimmeroan oanwêzich is.[1]

Fanwegen de gevelstiennen en de preekstoel wie de tsjerke yn 1971 noch as ryksmonumint oanwiisd. Yn 1985 waard de tsjerke ôfbrutsen. Yn in stik muorre fan de âlde tsjerke binne trije gevelstiennen ynmitsele.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: