Springe nei ynhâld

Herfoarme tsjerke (Bakkefean)

Ut Wikipedy
Herfoarme tsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Opsterlân
plak Bakkefean
adres Tsjerkewâl 8
koördinaten 53° 04' N 6° 15' E
Tsjerklike gegevens
status Net mear yn gebrûk as tsjerke
Arsjitektuer
boujier 1856
boustyl Neoklassisisme
Kaart
Herfoarme tsjerke (Fryslân)
Herfoarme tsjerke

De Herfoarme tsjerke oan 'e Tsjerkewâl yn Bakkefean wie oant 2012 ien fan 'e trije tsjerken fan 'e Herfoarme gemeente Opsterlân-Noard. De tsjerke is doe sletten foar de earetsjinst en ferkocht oan in partikulier.

De eardere tsjerke waard yn 1856 boud as in neoklassisistyske sealtsjerke mei in trijesidich koer. It tuorke waard yn 1950-1951 ferfongen troch in nij tuorke. Tagelyk waard doe in nije liedklok yn it tuorke hongen, om't de âlde klok yn 'e Twadde Wrâldkriich foardere waard en op it klokketsjerkhôf yn Dútslân telâne kaam om omraand te wurden.

Op snein 19 febrewaris 2012 fierde de Herfoarme gemeente Opsterlân Noard de lêste earetsjinst yn de tsjerke.[1][2] De Herfoarme gemeente Opsterlân Noard is yn 2017 opgien yn de nije fúzjegemeente It Keningsfjild.[3]

De gemeente hat foar de begelieding fan 'e sang lang in harmoanium brûkt, mar yn 'e jierren 1960 krige de tsjerke in echt piipoargel. Dat oargel stie earder yn de grifformearde Ichtustsjerke fan 'e Stêd oan it Haringfliet (Súd-Hollân) en waard yn 1910 boud troch de firma Martin Vermeulen út Woerden. Nei de wettersneedramp restaurearre de firma Ernst Leeflang út Apeldoarn yn 1963 it oargel en boude it yn 'e Herfoarme tsjerke fan Bakkefean wer op. Bakker & Timmenga restaurearre it oargel nochris yn 1983.[4]

Mei it sluten fan 'e tsjerke waard it oargel opslein by in oargelbouwer en yn 2020 wer opboud yn 'e Nederlânsk-herfoarme tsjerke fan 'e Russyske stêd Sint-Petersburch.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: