Henry Scudder
Henry Scudder (16?? – 1659?) wie in Ingelske geastlike mei Presbyteriaanske ynsichten, dy't bekind woarn is as in tawijd skriuwer en as lid fan de Westminster Synoade.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy studearre oan it Christ's Kolleezje yn Cambridge ôf en krige in M.A. yn 1606. Fan 1607 oant 1619 wie er predikant yn Drayton, Oxfordshire en yn 1633 waard er foardroegen troch de kening om yn Collingbourne-Ducis yn de buert fan Marlborough wenjen te gean. Yn juny 1643 krige er de opdracht om sitting te nimmen yn de Synoade fan Westminster. Doe't er yn juny 1645 in oarder fan it House of Commons krige, waard Scudder as ien fan de fjouwer predikanten legere by Aldgate. Yn 1645/46 wie er predikant fan de Londenske tsjerke: St Mildred Poultry. Op 6 april 1647 joech er ferslach fan in printproef fan de Westminster leauwenbelidenis, en op 9 febrewaris 1648 waard er tafoege oan it Skriftkommitee fan de Synoade.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The Christian's Daily Walke in Holy Securitie and Peace.
- A Key of Heaven: the Lord's Prayer opened and applied, 1682; opdroegen oan 'Mr. Thomas Crew, and to all his hopeful children,' en mei in foarwurd fan Richard Sibbes.
- Prototypes, or the Primarie Precedent Presidents out of the Booke of Genesis. With Mr. Whatelye's Life and Death, 1640, fol. en 1647. Scudder waard assistearre troch skriuwer Edward Leigh.