Springe nei ynhâld

Henri Mumsen

Ut Wikipedy
Henri Mumsen
politikus
echte nammeHenri Willem Frederik Mumsen
nasjonaliteit Nederlân
bertedatum26 july 1939
berteplakWoubrugge
partijCHU
CDA
Boargemaster fan Drylts
amtsperioade1970 - 1979
foargongerBendiks Cazemier
opfolgerMeinte Abma (wnd.)
Boargemaster fan Amerongen
amtsperioade1979 - 1995

Henri Willem Frederik Mumsen (Woubrugge, 26 july 1939) is in Nederlânsk politikus fan de CHU en letter it CDA.

Hy waard berne as soan fan H.B.N. Mumsen dy't doe boargemaster fan Woubrugge wie. Hy gie nei de hbs yn De Haach en gie dêrnei te wurkjen by de gemeentesekretary fan earst Naaldwijk en dêrnei fan Rijswijk. Nei in skoftke tiid wurke te hawwen by de gemeenten Ameide en Tienhoven kearde er yn 1964 werom nei de gemeentesekretary fan Rijswijk dêr't er wurke op de ôfdieling stedsûntwikkeling. Yn oktober 1970 stapte er yn de fuotspoaren fan syn heit en waard ek boargemaster en wol fan de Fryske gemeente Drylts. Yn septimber 1979 folge syn beneaming ta boargemaster fan Amerongen. Nei in skeel stapte er dêr yn novimber 1995 op en gie er te wurkjen as adviseur fan de direkteur-generaal iepenbier bestjoer fan it ministearje fan Ynlânske Saken.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ljouwerter Krante, 2 oktober 1970