Springe nei ynhâld

Henri Matisse

Ut Wikipedy
Henri Matisse
keunstner
Henri Matisse (1933)
Henri Matisse (1933)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Henri Émile Benoît Matisse
nasjonaliteit Frânsk
berne 31 desimber 1869
berteplak Le Cateau-Cambrésis
stoarn 3 novimber 1954
stjerplak Nice
wurkpaad
wurksum as Byldzjend keunstner
streaming Fauvisme

Henri Émile Benoît Matisse (Le Cateau-Cambrésis, 31 desimber 1869 - Nice, 3 novimber 1954) wie in Frânsk keunstskilder en byldhouwer. Henri Matisse wurdt sjoen as de grûnlizzer fan it Fauvisme.

hantekening Henri Matisse

Matisse wurdt berne as soan fan in nôthanneler en in mem dy’t skildere. In syn jeugd hie Matisse noch gjin belangstelling foar it skilderjen. Hy wie wol bot ynteressearre yn stoffen, tapiten en borduerwurk. Yn syn berteplak Le Cateau-Cambrésis wie yn dy tiid in bloeiende tapite-yndustry. Henri Matisse studearre rjochten yn Parys en wurke dêrnei as klerk by in advokaat yn Saint-Quentin. Yn syn frije tiid begûn Henri tekenlessen te nimmen by de lokale keunstskoalle. Yn 1890 wurdt Henri Matisse siik. Hy moast in bline termoperaasje ûndergean. Hy krige doe fan syn mem in doaske mei oaljeferve. Sa is syn karriêre begûn. Hy makke syn earste skilderij mei de namme: “stillibben mei boeken”.

Matisse syn wente yn Nice (2004)

Matisse begjint printen te kopiearen en op oanrieden fan de tapytfabryksdirekteur dêr't hy syn sikehûskeamer mei dield, naam hy lessen oan in skoalle foar tekstylûntwerpers yn Saint-Quentin. Yn 1892 gie hy nei Parys wêr't hy nei in akademy gie, de akademy Julian. Jûns skilderet hy yn it Louvre skilderijen nei fan de âlde masters lykas Rafael, Chardi en Poussin. Ek probearret hy talitten te wurden op de École de Beaux-Arts. Mar dat gie mis, neffens de skoalle hie hy in gebrek oan talint. Wol mocht hy yn it atelier fan Gustave Moreau yn Parys wurkje. Dêr moete hy ûnder oaren Marquet en Renault. Troch kennis te meitsje mei de skilder en samler John Russel leart hy it wurk fan de ympresjonisten en it neo-ympresjonisme kennen. Yn it begjin fertoane syn skilderijen donkere kleuren. Mar syn doeken kleurje hieltyd better. Dat nei't hy it wurk fan Vincent van Gogh en Cammile Pissarro sjoen hat. Hy komt ek yn de kunde mei Georges Roualt, Charles Comoin, Henri Manguin en mei de Belch Henri Evenpoel. Dy lêste soe tegearre mei Matisse in grut oanhinger wurde fan it Fauvisme.

Yn 1896 debutearre Henri Matisse op de salon de la Société Nationale des Beaux-Arts. Fan de fjouwer wurken wurde der twa ferkocht. Matisse wurdt ek lid fan de Salon. Dêrtroch kin hy yn de takomst eksposearje sûnder tuskenkomst fan in sjuery dy’t syn skilderijen ôfkarre kinne. Yn 1898 trout Henri Matisse mei Amelie Parayee en troch har ynkomsten en troch it skilderjen fan de dekoraasjes oan it Grand Palais kin de keunstner de holle finansjeel boppe wetter hâlde. Matisse ferbliuwt koart yn Londen. Hy hat in soad ynteresse yn it wurk fan William Turner. Hjirnei leart hy de súdlike felle kleuren kennen op Korsika. Yn 1899 giet hy werom nei Parys. Hy giet wenjen yn in strjitte mei de namme Quai Sant Michel. Hy bliuwt dêr wenjen oant 1907.

Paul Cézanne hie in grutte ynfloed op Matisse. Hy kocht in skilderij fan Cézanne foar 1300 frank. Troch it Ympresjonisme en Cézanne makke hy grutte tekeningen mei grutte kleurflakken. Matisse wie net allinnich dwaande mei kleuren. Hy fûn oare kultueren ek prachtich, foaral de moslimkultuer. Hy bestudearre de tapiten en wandkleden en miniatueren. Op de wrâldtentoanstelling fan 1900 ûntduts hy de weefsels fan de Kopten. Hy fûn it prachtich. Hy besocht alle tentoanstellingen dy’t er fine koe oer easterske keunst. Hy sei: “Yn de easterske keunst is de leechte tusken de blêden fan de beam like wichtich as de blêden sels”. Yn 1904 wie it einliks safier. Hy hie syn eigen solotentoanstelling. Nei in koart ferbliuw by Paul Signac yn St. Tropes ferdjippe hy him koart yn it Pointillisme. Mar net foar lang.

Henri Matisse waard de lieder fan in groep skilders dy’t yn opstân kaam tsjin it ympresjonisme. Dat yn in styl mei fel kontrastearjende kleuren neist elkoar sûnder in oergong. In sjoernalist neamde de skilderijen in cage aux fauves. Dat betsjut in koai mei wylde bisten. Sa kamen se oan de namme Fauvisten. De kritiken wienen ferskriklik, der wurde skreaun: De materialen binnen itselde as in echt skilderij, foar de rest liket it nearne nei. It binne asosjalen dy’t by ûngelok ferve yn hannen krigen hawwe, bern dy’t omgriemd hawwe mei in kwast. Matisse syn fauvistyske perioade fan 1905 oant 1908 wie foaral in perioade dêr't kleur in middel wie om him yn út te drukken. Henri Matisse hie in soad kanten. Hy skildere, mar hy tekene en byldhoude en skreaun ek in boek mei de namme: “Notes d’un peintre”. Matisse krige in soad erkenning fan samlers lykas Stein, Morozov en Gergej Scukin. Foar dy lêste makke hy it skilderij “La Musique” en “La danse”.

In wichtich ideaal fan Matisse wie om fan in dekoratyf yn stee fan in perspektive romte te skeppen. Dat slagge him it meast mei it skilderij ‘La famille du peintre”. Yn dit skilderij hat er Perzyske tapiten, blomkebehang en bewurke skoarstientegels neist elkoar set yn it platte flak. Sels it skaakboerd is dekoratyf, lykas al syn skildere skaakbuorden. It giet om it swart-wite rútsjepatroan dat kontrastearre mei de sitroenen, mei in teekopke, in faas mei blommen. Yn guon skilderijen oerhearskje de patroanen fan de minsklike figueren dy’t tusken de patroanen stean. De figueren binne hast in patroan. Syn foarmen wurden yn de rin fan de tiid ienfâldiger. De skilderijen wurde strakker. Yn syn ‘strange perioade’ skilderet hy op syn strakst. Yn dy perioade (1913-1917) is te sjen dat Matisse ynfloeden brûkt fan it kubisme. Henri Matisse bleau oant 1916 yn Parys. Mar de kjeld makke dat hy nei Nice gie. Dêr moete hy de âlde Renoir. Hy begûn wer te skilderjen mei skeane linen en read begûn wer in wichtich plak yn te nimmen yn syn skilderijen. De hurde foarmen ferdwûnen út syn skilderijen. Yn 'e jierren tweintich makke Matisse in tal reizen. Hy gie nei Marokko, Oseaanje, Tahity en Súd-Frankryk. Yn de jierren dy’t folgen skilderet Matisse in soad skilderijen. Hieltyd wer hat er in nije ynfalshoeke en wurdt er beynfloede troch oare skilders.

It grêf fan Henri Matisse

Yn de Twadde Wrâldkriich wie Matisse yn Frankryk. Yn 1941 waard er operearre oan in bloedfetferstopping. In ynfeksje makket in twadde operaasje needsaaklik. Dêrby wurdt syn mage skansearre. Hy moat lang op bêd lizze. Mar doe 't er wer fan 't bêd ôf mocht wie er wer fol ideeën. Hy liet syn meiwurkers papier bedekke mei gouden tinten. Dat gouden papier knipte Matisse út en makke allegear sylhûetten. Dy plakte hy op en sa makke hy ferskillende wurken. Yn syn lêste jierren knipte hy hiel wat ôf. Henri Matisse hat oan 'e ein ta wurke. Hy ferstoar op 3 novimber 1954 oan in hertoanfal yn syn appartemint flakby Nice.